SDS-League: ‘FC Op nei de Top’ lyk te plak!

Weppers woansdei 14-9-2022
14 september 2022
Weppers freed 16-9-2022
16 september 2022

Alle teams binne ynfierd en de punten ferwurke, dus wy kinne los mei de de SDS-League. Der dogge 58 teams mei en dat fine wy hielendal net sa gek.Hooplik steane alle teams yn de earste stân. It is wolris sykjen mei al dy teams dy ’t wy krije fia de post, Facebook, Whats-app of mail. Mocht je team misse lit it ús dan efkes witte.

De earste wykpriis giet nei ‘FC Op nei de Top’ fan Gerlof-Jan Hofstra. Hy bliuwt Sjoerd van Beem mei ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ 6 puntsjes foar. Foar Sjoerd net sa ’n probleem, want foar him is it folle wichtiger dat hy begjint mei 9 punten foarsprong op Jaap Toering. Dat is in moai begjin fan it kratsje Hertog Jan wat der tusken stiet wa ’t it heechste eindigt.

‘Gerlof-Jan yn de wolken mei syn earste wykpriis!’

Mark Klijnsma begjint mei ‘Noppert United’ ûnderoan, mar dat seit hielendal neat. Andries Nooppert begie earder ek as keeper yn de Eerste Divisie en komt ynmiddels yn oanmerking foar Oranje.

SDS League 2022-2023 stand earste helte wike 1