Weppers freed 15-9-2017

Weppers tongersdei
14 september 2017
Sneon 16-9
15 september 2017

VR2

Jûn is it keunstgerfjild it striidtoaniel foar fiif 7 tallen yn de kategory VR. NOK, sc Bolsward, Oldeboorn en Harlingen binne de oare dielnimmers op dizze earste kompetysjejûn. Alle teams spylje twa wedstriden.

Bar

It soe moai wêze at er noch immen is dy’t op dizze freedtejûn efkes helpe wol efter de bar. Miskien in Efkes Baller?

Efkes net Balje

It fjild is beset yn Easterein, it trainingsfjild is te wiet dus wurdt it Efkes Baljen neat hjoed.

SDS 1

Sneon de thúswedstriid tsjin AVC 1. Om 14.30 trede de mannen fan Marco Hoekstra oan tsjin de mannen fan Hylke Schrale.
Dit is de seleksje: Erik, Wiebe, Hendrik, Lourens, Marco, Pieter, Jaap, Elger, Habtamu, Mathijs, Frank, Gerwin, Arjen en Jurjen.

SDS 2

SDS 2 mei nei Nijlân om tsjin Nijland oan te treden.  It begjint om 12.00 oere. De seleksje krije wij altyd oanlevere  mei in foto yn Whatsapp. It liket er op dizze foto nommen is troch Lammert Huitema fan de Klieuw mei in fototastel op trilfunksje: De measte nammen binne dreech te lêzen, mar dit sil de seleksje wêze: Feite, Tjeerd, Anne, Bote, Ralph, Hendrik, Marten, Gerrit, Jesse, Piter, Jildert, Sjoerd en Pieter.

SDS 3

Soe SDS 3 moarn echt los gean yn it Bekertoernooi? sc Franeker 4 is de tsjinstanner. De wedstriid begjint 15.00 oere en dit is de seleksje: Ids, Wichard, Harm-Auke, Anco, Auke, Jan-Simon, Henk, Hans, Harm, Pieter-Lieuwe, Klaas, Willem en Ids.

SDS 4

Tzum 1 is sneon gasthear foar SDS 4.  Om 12.30 giet it los. Steffen, Broer, KB, Eeltje, Johan, Ruun, Remon, Andries, Igor, Peter, Tsjeard, Sytse, Thomas, Doede S, WiFi, Gertjan, Martijn en DDK fertrekke om 11.40 oere út Easterein.

SDS VR1

Sneon thús tsjin WWS VR1: Tarina, Gerry, Janieke, Geeske, Richtsje, Lysanne, Alissa, Sieta, Akke R. Serriete, Tjitske, Sanne R. Kirsten.
Flagger Bertus.

De nije SDS-League

Moarn sille de dielnimmersformulieren foar de nije SDS-League klear wêze en yn de kantine lizze. Sy moatte ynlevere wurde foar sneon 30 septimber 19.00 oere. SDS 1 spilet op sneon 30 septimber thús tsjin Oudehaske.

Rients Gratama

Ferline wike ferstoar teaterman Rients Gratama. Hij kaam fan oarsprong út Peinjum en je kinne it je hast net foarstelle mar hij hat ek fuotballe. Bij Arum. En der is in foto fan út 1948. Sjoch hjir.

Harsens derby (1920)

Fuotbalhumor!