SDS 3-4 traine jûn om 20.15 oere op it keunstgers ynstee fan efter de sporthal om ’t it trainingsfjild efter de sporthal noch altiten te wiet is.
De bekerwedstriid woansdetejûn fan SDS VR1 tsjin Leeuwarder Zwaluwen VR1 is einige yn in 4-0 oerwinning foar SDS. Hester, Sanne Rixt en Seriette (2) wiene de doelpuntenmaksters. De einstân wie bij it skoft al berikt.
In lytse nederlaach fan 1-2 justerjûn yn de eigen sporthal fan SDS seal tsjin ZVF 1.
Sij spylje jûn harren twadde bekerwedstriid bij de fuotbalklup mei it moaiste klaaikeamergebou, nammentlik yn Achlum. Arum/Stoarmvogels JO 15-1 is de tsjinstanner.
Yn it menu bij wedstriden kinne jim it programma foar freed en sneon al fêst sjen. Op freed begjint de kompetysje foar SDS VR2 mei twa wedstriden yn Easterein. Sneon noch allegear bekerwedstriden.
Op de altyd nijsgjirrige wepside fan Staantribune dizze kear in top 10 fan Culttrainers. In aardichheid om it troch te sjen.
Atletico Madrid krige juster de bal der mar net yn tsjin AS Roma. Sels dizze net yn blessuretiid……….