Seleksjes sneon 16-4
14 april 2016Ut- en ferslaggen 16-4
16 april 2016Woandeitejûn – Dropferkeapjûn foar SDS C1
We begongen yn Britswert, it plak wer sels de grutste oanhingers fan VVO (Easterlittens) meardere pudsjes drop kochten. Dernei op nei Wieuwert wer de jongens in speciale aksje betocht hiene: 1 pudsje foar 3 euro en 2 pudsjes foar 5 euro. Yn Boazum de oanbieding fan ‘e wike: 4 pudsjes foar 10 euro. De dropkes giene as waarme broadsjes en uteinlik hiene we yn Easterwierrum ek noch te min pudsjes. Mar wol yn in oerke tiid 264 euries ophelle !!!! Grutte klasse fan de jongens fan C1, 1 famke fan E4 en fansels de riders Sjoukje van der Eems en Durk Klijnsma.
Theo
Efkes Balje
Jûn om 19.30 op it mei sinne oerjitten sportpark yn Easterein…..
Programma
SDS 1 mei dan moarn frij ha, der is genôch oars te sjen. Om 12.15 giet SDS A1 los en om 14.30 nimt SDS 2 it op tsjin Leovardia 2. It komplete programma kinne jim hjir sjen.
COVOS 1 froulju
De follybalfroulju fan COVOS 1 spylje moarn om 17.00 oere thús en kinne kampioen wurde!
Letter mear