Weppers freed 15-2

Weppers tongersdei 14-2
14 februari 2013
Seleksjes 16-2
14 februari 2013

Oflast
It fuotbal foar sneon is troch de KNVB ôflast.

Dit hie it programma west
It programma foar kommende sneon oangeande SDS-teams sjocht der sa út. De kâns dat it allegear trochgiet skatte wij noch leger yn as dat SC Hearrenfean dit jier Europeesk fuotbal hellet.

12:30 SDS 3 – Joure SC 2
12:30 SDS 4 – Scharnegoutum’70 3
14:30 SDS 1 – CVVO 1
14:30 SDS 5 – CVVO 5
14:30 Minnertsga 2 – SDS 2

SDS 1 giet oefenjen
SDS 1 oefent moarn om 14.30 yn Harns tsjin Zeerobben 1 op keunstgers. Sy fertrekke om 13.00(sjoch by seleksjes).

SDS 2 giet ek oefenjen
SDS 2 oefent moarn om 12.00 yn Dokkum tsjin Be Quick Dokkum 2 op keunstgers. Sy fertrekke om 10.00(sjoch by seleksjes). Mocht dit ek ôflast wurde dan traint SDS 2 om 16.00 yn de seal yn Easterein.

SDS E1 en D1 nei Ljouwert
Sawol SDS E1 as D1 meie moarn wer 2 wedstriden yn de seal spylje yn Ljouwert. Lokkich genôch giet dit wol troch. E1 kin sels kampioen wurde.

D2 gjin trainen
In verband met familie omstandigheden gaat de training van D2 in Sneek vanavond niet door.
Gr. Hans

Lokwinske foar Agnes
Wat dom fan ús om net de hiele famylje Posthumus te lokwinskjen. Wij wiene muoike Agnes hielendal fergetten. Dat meitsje wij hjir goed: fan herte lokwinske Agnes mei dyn muoikesizzer en ast in kear mei har op de foto stiest dan pleatse wij him graach.

Fan
Celtic fans binne bysûndere minsken. Foar de wedstriid sjonge se as stjoere keardels harren “Never walk alone”en lykje se ûnderslaanber en nei de wedstriid at se ferlern ha sitte se der ferslein en ûntreastber bij. Sjoch
hjir 

Reklame
Der binne reklames en bysûndere reklames. Sa as
dizze foar Valentijnsdei.

Hinne Smedes
De altyd fleurige skiedsrjochter Hinne Smedes fan Garyp moat troch sykte helaas gelyk stopje mei fluitsjen.  
Dat hat hy it bestjoer fan SDS witte litten. Hij mocht altiten graach yn Easterein komme, sa skriuwt hy. Der wurdt foar him in ôfskiedswedstriid en jubileumwedstriid organisearre. Dat sil wêze op freed 24 maaie om 19.00 oere yn Garyp. Ald Hearrenfean sil dan oantrede tsjin de pleatselike favoryt VenV ’68.

SDS 4
At de SDS4 spilers yn de kantine sitten dan komme der al gau kaarten op tafel. Dat it klaverjastrainen fertuten docht, kinne wij sjen oan de útslaggen fan it iepenkampioenskip klaverjasse yn Littenseradiel. Gerlof Jan Hofstra waard dêr tredde.

League
It hat gjin sin mear om langer te wachtsjen. Wolle jim noch wat feroarje of meidwaan yn de league dan sa gau as mooglik ynleverje. Bij Durk yn Easterein of bij Willem Yn Wommels. Om 19.00 oere sneontejûn moat it binnen wêze.

Fjild of seal
Der stiet in fjildprogramma klear foar moarn mar it is no wis dat it in seal programma wurden is foar SDS 3, 4 en 5. SDS 3,4,5 kinne dan om 14.30 los en miskien SDS 2 om 16.00, útsein wannear se in skaadwedstriid dogge.

Harsens derby(957)
Ek sneu! Binne je noch mar 19 jier en meitsje al de goal fan je libben: