Weppers freed 15-11

Seleksjes sneon 16-11
14 november 2013
Utslaggen sneon 16-11
15 november 2013

SDS 1 – QVC 1
Moarn fuotballet SDS 1 om 14.30 thús tsjin QVC 1. 8 jier lyn waard dizze wedstryd ek spile. Doe wûn SDS noch mei 1-0 om de wike dêrop by ONT kampioen te wurden fan de 2e-Klasse. Sjoch
hjir foar wat âlde bylden.

Sponserjûn
Nije wike freed 22 novimber is der in sponserjûn. Wat wy begrepen hawwe sil Maarten de Jong de sprekker wêze.

Flagje
Der liket in nije trend te ûntstean by SDS. It komt hieltiten faker foar dat blessearde spilers net thús op de bank sitten bliuwe, mar dat sy harren op sneon ynsette as flagger. Sa sil Sjoerd van Beem(sabbatical) moarn by SDS 1 flagje en Jort Strikwerda(lêst fan de foet) by SDS 2.

Efkes Balje
De waarman hat it de lêste wiken goed foar mei de Efkes Ballers. Nei in wike mei in buike dêr en foaral in buike hjir is it hjoed fansels wer droech.
Dus kin der Efkes Balle wurde. Om 19.30 oere.

Tas fuort
Mijn zoon heeft afgelopen zaterdag op het parkeerterrein zijn tas (blauw met zwart) laten staan, waarin zijn voetbalspullen zaten. Zou u een bericht kunnen plaatsen op de site met de vraag of iemand die gevonden heeft? Zijn naam staat erop: David. Contact kan opgenomen worden met Edith de Vries 0515-520898.

Seleksjes
Ek de seleksjes fan senioren en A2 steane online. Oh ja, de seleksje fan A1 komt ek yn aksje mar dan yn allegear ferskillende alvetallen.

Programma
Wolle jim witte hoe’t it sneon allegear komt, sjoch dan
hjir. Ek de skiedsrjochters steane der bij.

Paris wat?
“Heit, ik bin Ajax by FIFA 14 en heit?”
“Paris Saint Germain”
“Wat? Paris Gentleman?”

Harsens derbij (1148)
Sa heard it, al begrypt de skeids der net in fluit fan……..