Weppers freed 14-4-2017

SDS-League: In nije koprinner!
13 april 2017
SDS 1 op nei 2017-2018!
14 april 2017

SDS 1

SDS 1 moat noch 4 wedstriden dit seizoen, mar trainer Marco Hoekstra is al drok dwaande mei de seleksje fan folgend seizoen.
Jûn mear hjir oer!

SDS 1 frij

Sneon in ynhelprogramma foar de standertteams en omdat it yn Easterein altyd troch giet, moat SDS no tasjen, hoe’t konkurrinten wol of net tichter bijkomme.

SDS 2 wer kampioen?

SDS 2 kin sneon al wer kampioen wurde. Not Heerenveen Boys út de kompetysje binne, hawwe se  thús  oan ien punt genôch tsjin QVC 2. It begjint om 14.30 oere (13.30 der wêze) en de folgjende spilers sille it dwaan moatte:  Arjen, Ewout, Hendrik, Marten, Gerrit, Feite, Dirk, Jentsje, Stefan. Jurjen, Bote, Jort, Allert en Tjeerd
Flagger: Klaas de Haan.

SDS 3 nei Makkum

SDS 3 spilet sneon om 14.30 tsjin Makkum 3. De seleksje giet om 13.25 fuort: Wichard, Harm Auke, Tjeerd,  Auke, Gert Jan, Jan Simon, Hans, Peter, Robert, Pieter Lieuwe, Jeroen, Ronny en Klaas.

SDS 4 nei Heeg

SDS 4 spilet ek om 14.30 en wol tsjin Heeg 3. De folgjende spilers (om 13.25 der wêze) meie de trije puntsjes wer efkes ophelje: Remon, Steffen, Rick, Broer Jacob, Arjan, Klaas Bouke, Rick H, Gert Jan, Jelte, Igor, Doede Douwe, Thomas, Ruun, Eeltje,  Martijn,  Jorrit en Wietse.

Programma

It programma fan sneon kinne jim sa altyd hjir fine

Efkes Balje

It is ek no wer in goeie freed om efkes te baljen. Om 19.30 yn Easterein.

Tip!

Foar de fuotballeafhawwers hawwe wy noch in tip. De âld-SDS’ers Remco Bervoets en Wytze Lanting spylje moarn mei vv Scharnegoutum de topper yn de 4e-Klasse om 14.30 oere yn Skearnegoutum tsjin VHK út Sint-Jansklooster.

Harsens derby (1870)

Dy Oscar gie fan Chelsea nei Sina foar 60 miljoen euries en kin noch net in penalty rekke sjitte…….