Weppers freed 14-12-2018

Weppers tongersdei 13-12-2018
13 december 2018
Sneon 15-12-2018
14 december 2018

SDS 1 thús

It foar SDS 1 altyd lestige Berlikum 1 komt sneon nei Easterein. Ek dizze kompetysje docht de klup út de Waadhoeke it wer goed. Foar SDS 1 soe in oerwinning it jier goed ôfslúte. Fanôf 14.30 oere is dizze seleksje te bewûnderjen:
De seleksje: Marten Faber, Remco Hylkema, Jacob-Klaas Haitsma, Marco Rijpkema, Gerwin Sijbesma, Ewout de Boer, Habtamu de Hoop, Pieter Sijtsma, Lourens van der Pol, Erik Haitsma, Matthijs Postma, Bauke Dijkstra, Wiebe Heeres, Frank Bervoets, Steven van der Pol en Hendrik de Jong.

SDS VR1 nei de Jouwer

De froulju meie dit jier ek noch ien kear los. Om 12.45 oere tsjin SC Joure VR1. Dit is de seleksje:
Hester, Gerry, Richtsje, Seriette, Sietske, Marije, Marjo, Janieke, Jeska, Kirsten, Sieta, Elske en Femke.

SDS 4 nei de koprinner

SDS 4 nimt it sneon op tsjin koprinner QVC 3. Wij binne fol ferwachting dat it goed komt fanôf 14.30 oere yn Starum. Dit selskip giet der foar:
Arjen Hallema, Arjen Los, Andries Lanting, Sytse Hibma, Allert Turksma, Jildert Vd werf, Inne Heerema, Niels Hazewindes, Tjeerd de Vries, Jurjen Los, Mark Klijnsma, Wierd Hofstra, Robin van der Weg, Klaas van der Weg en Hendrik Engbrenghof (Hendrik o.v.b. ).

JO15-1 noch yn de beker

Neist SDS 1 en de MO17-1 is allinne JO15-1 noch yn de bekerstriid. Sneon meie se it yn Hearrenfean opnimme tsjin Heerenveense Boys JO 15-4.

Grutte klupaksje

De útslach fan de ferlotting fan de Grutte Klupaksje is west! Wy kinne melde dat der by SDS 4 prizen fallen binne. Jim kinne hjir sjen as jim ien fan de lokkigen binne. Sjoch gau en lit ús witte wat je wûn hawwe op info@vv-sds.nl!

Afbeeldingsresultaat voor grote clubactie

 

Dick Schuurman nei sc Joure

In pear dagen foar de streekderby sc Joure-VVI moarn  is bekend makke dat âld SDS trainer Dick Schuurman en no trainer bij VVI,  trainer wurdt bij sc Joure.

Hylke Schrale nei vv Rijperkerk

Ald-trainer fan SDS 2, Hylke Schrale, sil folgend seizoen 3e-Klasser vv Rijperkerk traine. No sit hy noch by AVC.
Afbeeldingsresultaat voor hylke schrale

Remco Bervoets bliuwt

Ald-trainer en fuotballer fan SDS, Remco Bervoets, hat bytekene as trainer by Scharnegoutum 1. Hy is dêr no alwer dwaande mei syn 3e seizoen.

Harsens derby (2084)

Toet, toet!

Letter miskien mear!