Sneon 15-12-2018

Weppers freed 14-12-2018
14 december 2018
Weppers moandei 17-12-2018
17 december 2018

Sneon trije ferskillende soarten fuotbal.  De kompetysje, mei in inkele ynhelwedstriid, de beker ( JO 15-1) en de seal (jeugd).
Foar JO13-1 al wer in útstapke, sij meie nei Skylge en kinne dêr kampioen wurde.
Ien wedstriid giet spitich genôch net troch. QVC 3 hat te min spilers en kin net tsjin SDS 4 fuotbalje……..

kompetysje
10:00 ST SDS/Nijland JO15-3 SC Bolsward JO15-4 1-7
14:30 SDS 1 SC Berlikum 1 1-0
09:30 SJO Warga WWS JO17-2 SDS JO17-2 4-4
12:30 Terschelling JO13-1G SDS JO13-1 0-11
12:45 Joure SC VR1 SDS VR1 1-4
14:30 QVC 3 SDS 4 g.n.t.
beker
10:00 Heerenv. Boys JO15-4 ST SDS/Nijland JO15-1 2-0
seal Yn Stiens en  Ljouwert
10:15 SDS JO9-1 Oosterlittens JO9-2
11:00 SDS JO10-1 FVC JO10-2
11:00 MKV’29 JO9-1 SDS JO9-1
12:00 Franeker SC JO10-2 SDS JO10-1 6-2
12:40 Frisia JO11-2 SDS JO11-1 4-3
13:20 SDS JO11-1 MKV’29 JO11-2 11-2
14:25 SDS JO12-2 Frisia JO12-3
15:45 Franeker SC JO12-1 SDS JO12-1
16:35 SDS JO12-1 Frisia JO12-2

SDS 1 befjochtet in oerwinning

SDS 1 begong prima tsjin Berlkum 1. Kânsrike sitewaasjes  yn it earste kertier, kânsryk spul yn it twadde kertier mar dêrnei de ûnderlizzende partij. Foaral yn de twadde helte wie it ienerjochtingsferkear.

Werom nei it begjin dat wie hoapfol. Yn de earste minut in prima aksje fan Lourens van der Pol dy’t stuiten waard troch in oertreding bûten de 16 meter dy’t de skiedsrjochter trochgean liet en gelyk noch in oertreding binnen de 16 en doe in frije traap krige bûten de 16. In frjemde gong fan saken en de frije traap waard kundich keard troch de doelman fan sc Berlikum.

Nei 15 minuten wer in frije traap fanôf linksen Erik Haitsma lei him panklear efter de ferdigening wêr’t 4 SDS yn kânsrike posysje wiene. Lourens kopte geweldich moai yn.  Nei dit doelpunt noch in frije traap bûten de 16 en it wie no de peal dy’t Erik Haitsma fan skoaren ôfhold.

Dêrnei leit it foartou bij sc Berlikum mar ynfaller doelman Marten Faber stie syn mantsje hjoed prima. SDS kaam der selden lekker út en yn de twadde helte waard it allegear noch minder. It wie foaral tsjinhâlde en hope dat de bal in kear yn de ploech bleau.

Spanning oan de lêste minút ta en bliidskip dat de 1-0 oer de streep lutsen waard. Sa komt SDS 1 nei 12 wedstriden op 17 punten

scJoure VR1 – SDS Vr1     1-4


Hjoed gean we yn de kjeld nei Joure. Foardat de wedstriid begjint komt der in fraach ut de boks: he se der yn de kantine ek in leppel? Sietske mat namelik nog begjinne mei har ontbijt. Nei dat it ontbijt op wie koe de wedstriid begjinne.
Yn it begjin wien der kansen foar beide ploegen. Wij makke mooie acties, eerst in mooie foarset fan Jeska mar helaas gjin goal. Dan komt Femke die de keeper foarbij spielet mar helaas komt der krekt nog in verdediger fan Joure oandraven. Dernei he we nog in oantal kansen mar nog steeds komt der gjin goal.
Rust
Wij binne begong oan de 2e helt en undertusken wurd der achter us oranje rookbommen oanstutsen fan de derby SC Joure 1 – VVI 1. Marije spielet de bal nei Kirsten en zij rint mooi op nei it goal en scoort! 0-1! It gjit erg hinne en wer, wij komme op de kant fan Joure en zij op die fan us. Dan scoort Joure mar gelyk nei us aftrap scoort Hester alwer ut in goeie foarset fan Seriette, 1-2! Even letter het Seriette alwer in mooie foarset, Kirsten kin der krekt net bij. Seriette makket goeie aanvallen, sjit tsjin de peal, dan de latte en dan.. tusken de pealen GOAL 1-3. Seriette is nog steeds yn vorm want se makket wer in goeie foarset op Hester en die scoort ek nog in keer, 1-4! Dan klinkt it eindsignaal en gean we no de winterstop yn.
Namens heel SDS vr1 winskje wij iederien noflike krystdagen en in lokkich nij jier.
Veel liefs de kneuzenknibbels

Terschelling JO 13-1 G – SDS JO13-1     0-11


Nei Skylge ta om te fuotbaljen is al in feessie, dêr kampioen wurde is in noch grutter feest en beleanne wurde mei in appel fan de sponser is it ultime feest. SDS JO13-1 hie in topdei.

Winst en verlies toppers SDS JO 11-1 in Leeuwarden.

Vandaag stonden de eerste 2 zaalvoetbal competitie wedstrijden in Leeuwarden.
De eerste wedstrijd tegen LAC Frisia JO 11-2 ging helaas verloren met 4-3 terwijl we met 0-3 voorstonden!
Onoplettendheid niet scherp en de tegenstander vrij laten staan! Ken gebeuren maar het was wel doodzonde.
2e wedstrijd was tegen MKV’29 JO 11-2 was een wedstrijd waar we weer op voorsprong kwamen en ook niet meer weg gaven!
We liepen zelfs uit naar en 9-0 eindstand en er werd super gevoetbald!

Top toppers zet het door en scherp blijven tot de laatste minuut.

Groetjes jullie coach