Weppers freed 14-11

Seleksjes en programma
13 november 2014
Weppers snein 16-11
16 november 2014

SDS spilet lyk
SDS 1 hat juster de oefenwedstryd tsjin Wykels-Hallum 1 mei 3-3 lykspile. Grutte man by SDS wie Tsjipke Okkema. Hy skoorde trije kear. In knappe frije traap, in wipperke oer de keeper en in penalty. De lykmeitsjende 3-3 fan Wykels/Hallum foel krekt foar tiid.

Sinterklaasje mei SDS 2
Der is lotten foar de Sinterklazejûn fan SDS 2. It hie noch aardich wat fuotten yn de ierde, want swarte Pyt mocht net lotsje fansels. Lokkich genôch hat de organisaasje in oare opsje fûn:

No mar hoopje dat it earlijk gien is……………

Adreswizigingen
Geane je ferhúzjen jou je nije adres dan efkes troch oan Tina Wiegers fia tillefoannûmer 0515-331365 of mail nei:
Ledenadministraasje@vv-sds.nl.

Kantine
No ’t der moarn net folle fuotbaljen is kinne je moai efkes mei de frou nei de stêd om Sinterklaasynkeapen te dwaan, efkes by SDS 4 sjen of nei Scharnegoutum – Pelkiaan S. Nei de tiid dan fansels wol efkes nei de kantine om it keunstgêrs te fieren! Hoe faker wy nei de kantine gean hoe earder it keunstgêrs der is!

Movember
As SDS dogge wy fansels ek wat mei 
Movember. Inkelde SDS’ers binne al drok oan it sparjen foar in krease snor. Wy wachtsje allinnich noch altiten op de earste foto. Dan mar ien út de âlde doaze:

Klaas de Haan hie allinnich wol fergetten syn sikje te skeren.

Alderaardichst
Nei 2 jier sykjen is dan eindelijk de bal werom fûn dy ’t Sergio Ramos 2 jier lyn mei in penalty tsjin Bayern München wei makke hat:
View image on Twitter
Is it net de bal fan Seedorf?

Harsens derby(1372)
Alderaardichste goal!