Weppers freed 14-1-2022

Oplossing Krystpuzzel Treffer
12 januari 2022
Weppers woansdei 19-1-2022
19 januari 2022

Nije sjurtstiper

Fannewike binne de nije sjurtsjes fan JO17-1 binnen kommen. Sy fuotbalje de rest fan it seizoen yn prachtige sjurtsjes mei haadstiper Kamstra Steenhandel foarop.

Albert-Jan Kamstra en Bauke de Boer mei it prachtige sjurt mei Kamstra Steenhandel, bestrating en transport, foarop.

Traine

SDS JO17 en JO19 hawwe juster foar it earst yn tiden wer traind en it smakke nei mear.

Traine

As it goed is dan sille moarn de mannen fan SDS 1 en de froulju fan Vr.1 traine. Yn 2-tallen op oardel meter ensfh.

Gjin OFK

Oars wie moarn de finalestriid west fan it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbal (OFK) yn sporthal De Trije yn Frjentsjer…… Wat misse wy dat dochs……

Gjin Treffer

Hawwe je gjin Treffer krigen, mar binne je wol lid, frijwilliger, Freon of stiper, lit it ús dan efkes witte fia info@vv-sds.nl.

De nije SDS-League

Wy hoopje yn it wykein fan 5 febrewaris starte te kinnen mei de nije SDS-League. 1 febrewaris hoopje wy dan it nije dielnameformulier klear te hawwen sa ’t wy dat wykein der op lyk los kinne. Hâld de webside goed yn de gaten.

Harsens derby (2340)

De hiele winter oefend op dit truukje, mar kin it moarn net sjen litte op it OFK……….. 😉

Sjoch hjir.