Weppers woansdei 19-1-2022

Weppers freed 14-1-2022
14 januari 2022
Programma sneon 22-1-2022
21 januari 2022

Nij bestjoerslid

Catharina Postma komt út Wommels en spilet by SDS Vr.3. Sy sil fanôf no de ledenadministraasje op har nimme. Sy nimt dit oer fan Anco Elgersma.

Wer traine!

Ynmiddels traine de measte SDS-teams wer. SDS Vr.1 en SDS 1 binne ek alwer los en SDS 2 gie juster foar it earst los. Foar dizze prestaasjeteams stiet op 5 febrewaris de earste kompetysjewedstriid foar de twadde helte fan it seizoen op it programma. Hooplik wurdt der 25 jannewaris bekend makke dat de kompetysjes dan wer los kinne. Sneon 29 jannewaris kin der dan noch oefene wurde.

Sûnder te trainen

Foar SDS 3, 4 en 5 stiet 29 jannewaris de earste kompetysjewedstriid nei de winterstop op it programma. SDS 3 spilet dan út by sc Joure 4, SDS 4 mei út nei Hylpen 2 en SDS 5 spilet dé derby thús tsjin Nijland 4. Tiisdei 25 jannewaris heare wy as dit allegear trochgean mei.

Oefenje

As de Koronarigels it talitte dan sil SDS 1 op tiisdeitejûn 1 febrewaris thús oefenje tsjin 4e-Klasser Waterpoort Boys.

SDS JO19-1

De SDS JO19-1 komt yn de twadde helte fan it seizoen út yn de 2e-Klasse. Spitich genôch is SDS der (noch) net yn slagge om in nije trainer/koach foar de JO19-1 te finen, mar wy hawwe alle fertrouen yn de trainers en koach dy’t se no hawwe. De JO19 traint alwer en binne y.f.m. 13 klups yn de kompetysje tafallich sneon 29 jannewaris frij. As alles wer trochgean mei dan meie sy sneon 5 febrewaris foar it earst wer los.

Teun Heeres is hjoed jierdei!

Teun Heeres (SDS 1) is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Tip!

It OFK sealfuotbal gie dan wol net troch. It EK-sealfuotbal yn Nederlân giet wol troch. Dit duorret fan 19 jannewaris oant 6 febrewaris. Jûn mei it Nederlâns team los. Dit is jûn om 20.30 oere te sjen op NPO 3. Neffens ús is dit EK-futsal wol de muoite wurdich om de kommende wiken ris foar te sitten.

Dick Schuurman

Ald-trainer fan SDS, Dick Schuurman, wurdt folgend seizoen de nije trainer by sc Bolward. No is hy noch trainer by sc Joure 1 en dêrfoar û.o. by VVI, vv Heerenveen en sc Emmeloord. It soe dus kinne dat wy Dick folgend seizoen wer ris tsjinkomme yn de kompetysje as sc Bolsward nei de 3e-Klasse promofearret.

Harsens derby (2341)

De prime-minister fan Ingelân, Boris Johnson, hâld wol fan in freedtemiddeisborrel, in skeve skaatsride, ien foarligenje en hy mei ek graach seagje…….

 

 

 

 

Daliks mear!