Weppers freed 13-5

Weppers tongersdei 12-5
11 mei 2011
Seleksjes sneon 14-5
12 mei 2011

Swarte side………..
2010-2011 kin no al de boeken yn as ien fan de treurichste seizoenen fan SDS. SDS 1 en 2 steane der beroerd foar en nei SDS 4 is juster SDS 5 ek út de kompetysje helle. No mar hoopje dat dizze swarte side moarn noch wat kleur krijt………..

D4 tsjin de memmen
Kommende moandei yn Easterein om 19.30 oere it spektakel fan D4. De famkes fan D4 nimme it op tsjin de memmen fan de famkes fan D4. En de memmen freegje ús om supporters op te roppen om harren oan te moedigjen. De heiten sille it wol mei beide hâlde en dêr hawwe de memmen dus neat oan.
Wij tippe lykwols de famkes.

SDS 3 spilet lyk

Juster 3-3 lyk spile tsjin IJVC. Dit wie wat soer wie foar de mannen  fan IJVC om ’t sy degraderen kinne as Âldehaske wint.
1-0 achter
1-1 Johan Postma frije trap
2-1
Rust
2-2 Hendrik E.
3-2 (85min)
3-3 (90min) Kopbal ût in corner troch Hendrik E.

Programma sneon
Moarn de lêste sneon dat hast alle alvetallen fuotbalje moatte. Jim kinne  it programma 
hjir sjen.

Kaarten
Via
deze link treft u een brief aan over de kaartenactie voor de bekerfinale van vrouwen op zaterdag 21 mei 2011. De aftrap is om 19:00 uur in het Abe Lenstra Stadion in Heerenveen,
Met vriendelijke groet,
Koninklijke Nederlandse Voetbalbond 

It wûnder fan….
Mocht SDS 1 it sneon allegear oprêde sûnder neikompetysje dan neame wij dat it “
wûnder fan Hidaard“.

Op de fyts
De helt fan de twa wepmasters wol sneon mar op de fyts nei Harns. It sil dochs net sa wêze dat er mei it smoar yn werom fytse moat…..

Harsens derby (471)
It is logysk dat fuotballers better net bokse kinne. It mei no ek dúdlik wêze dat boksers better net fuotbalje kinne: