Weppers freed 13-5

Seleksjes sneon 14-5
12 mei 2016
Ut-en ferslaggen sneon 14-5
13 mei 2016

Programma
It programma fan sneon skinne jim
hjir fine.

Spannend?
Ja seker, it wurdt in spannende sneon mei in soad fragen no:
Kin SDS 1 de neikompetysje ûntrinne?
Wurdt SDS 3 wer kampioen?
Kin C1 de promoasjeflagge hise
Wurdt E1 miskien ek al kampioen moarn?
Pakt D2 de lêste strietakke?
En hellet Marco Hoekstra mei syn Scharnegoutum in Cocu-act út en besoarget hij Remco Bervoets in fjirde klasser?

en fierders
Wa lûkt mei it toulûken oan it koartste ein?
Wurdt it SDS klupliet in Eurovisy bestendige tophit?
Hoe emoasjoniel is it ôfskie fan it A fjild?
Wint Anne of Dooitze de SDS League of is it in oar?

SDS-Mini-League
Moarn om 10.15 oere is de finale fan de SDS-Mini-League. De jongste SDS’ers sille dan allegear stride om in enorme beker.


Tegels
De oprop om efkes te helpen mei de tegels op tongersdeitejûn om 19.00 oere die wol fertuten. Wat in minsken dy’t efkes in hantaast dwaan woene. Prachtich dat jong en âld dy “ferrekte” tegels derúthelle en op pellets leine. De ferwachting wie dat der jûn ek noch wol tegelwurk wie, kaam net út. Justerjûn alles klear.
At jim kommende tiisdeitejûn ek sa manmachtich opkomme dan soe dat prachtich wêze. Want dan is der neist tegelwurk ek reklameboerd- en stekfuorthelwurk. Dus tiisdeitejûn 19.00 oere

Klaas Overal hie it allegear betocht. 10 rigen dik op de pellets. Appie telt it foar de wissichheid noch efkes nei.

A-junioren

At it fan ynfloed west hat op de kwaliteit fa de training witte wij net, mar  foardat de A’s juster noch efkes in traininkje ôfwurken, hiene se earst efkes mei tegels omwrotten. Super.

Oerlis

Mei safolle help koe Klaas iets earder ophâlde en wie der sels efkes tiid om bij te praten mei JeudeBouler Jan Strikwerda

Koar

Earst traine en doe sjonge…… SDS 1 wol sneon trije punten pakke tsjin Oudehaske en wol dêrnei mei in optreden mei Jan Nota in nominaasje ôfdwinge foar ien of oar sjongfestival.

Toulûke
Sneontemiddei wurdt er mei it tema “wa lûkt oan it koartste ein” in echte toulûkwedstriid holden tusken de froulju en manlju fan Wommels en Easterein.
De mannenploech fan Easterein kin noch wol wat mannen brûke (melde kin bij tiimkepten Syb Overal).
Ek de frouljusploech fan Wommels is ek noch op siik nei fersterking. Opjaan kin bij Agnes Posthumus.
Mar opjaan foar beide kin ek bij Tjerk (06-20809661)

Seleksjes
De seleksjes steane ek op side en dêr stiet ek de supportersseleksje bij, dy’ meigean nei Balk, wêr’t SDS 3 kampioen wurde kin. Dizze supportersseleksje is ta stân kommen nei in flinke skreening. Wat opfalt dat ek Feyenoordhooligan Geert Hiemstra troch de screening kommen is om mei te gean nei Balk. Der stiet ús noch iets op it netflys……en dat wie yn Balk.

Harsens derby (1713)
As fjirde skiedsrjochter moatte je al wat yn beweging bliuwe om waarm te bliuwen…………… as de wodka op is……..