Ut-en ferslaggen sneon 14-5

Weppers freed 13-5
13 mei 2016
Weppers snein 15-5
13 mei 2016

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

09:00 SDS C3 Arum/Stormvogels’64 C2  3-3
09:00 SDS E2 Heeg E2  3-4
10:00 SDS E4 LSC 1890 E10  3-1
10.15 Minileague    
10:35 SDS D2 ONS Boso Sneek D3  4-6
11:10 SDS F3 LSC 1890 F7  4-2
12:00 SDS 4 SC Berlikum 5  2-1
12:15 SDS MD1 SJO Dronrijp/Foarut MD2  1-3
14:30 SDS 1 Oudehaske 1  3-0
09:00 Nijland E1 SDS E1  1-3
09:00 Oudega/HJSC E2 SDS E3  7-5
09:30 MKV’29 D1 SDS D1  11-2
10:00 Woudsend F2 SDS F4  7-0
10:15 OHH C2d SDS C1  1-8
10:30 ONS Boso Sneek C3 SDS C2  8-0
14:30 Balk 3 SDS 3  1-1

SDS 1 – Oudehaske 1

Op 14 desimber 2015 seach it der sa út yn de tredde klasse A. 13 wedstriden spile en SDS hie 10 punten. Nei juster sjocht it der sa út. 26 wedstriden spile en 33 punten en dus neat gjin degradaasje of neikompetysje.
Dy geweldige reeks oan punten nei de winterstop mei Robert Hoekstra en Mark Postma as liedend duo, kaam juster ta in prachtich slot. Binnen 25 minuten stie Oudehaske, de streekrjochte konkurrint op in 3-0 efterstân.  3-0……hoe is it mooglik. It felle gekonsintrearre begjin levere binnen trije minuten in doelpunt op nei in prima oanfal. Tjipke besoarget de bal bij Erik, dy’t fan rjochts in hurde lege foarset jout en Jelmer liket hurd yn te sjitten, mar de doelman kin keare mar net pakke en dan is dêr Dirk Yde  dy’t rekke sjit.
It twadde doelpunt sil de boeken yngean as in bysûnder eigen doelpunt: fan grutte ôfstân sylt de bal oer de doelman hinne en falt presys ûnder de latte.
De knock-out waard tabrocht troch Teun Heeres. Fan linksôf sylde in hege foarset oer alles en elkenien hinne mar net oer it doel: 3-0.
Oudehaske wie der hielendal ôf en SDS hie sa noch in twatal doelpunten meitsje kinne foar rêst.
Yn de twadde helte wie de opdracht oan SDS gjin gekke dingen te dwaan en konsintrearre waard de wedstriid útspile. Doelpunten foelen der net mear want Oudehaske koe net mear de macht fine. Gjin doelpunten mar wol in soad giele kaarten, oan beide siden.

Balk 3 – SDS 3
Bram van Beem socht in winerich plakje op yn Balk en stjoerde ús wat ynsprutsen berjochten wêr’t wij yn in winerich Easterein neat fan hearden. Thús wol en doe hearden wij it folgende ferslach.

Soad supporters út Wommels-Easterein, gelykopgeande striid. Balk kaam op 1-0 nei snelle útfal, mar Henk Postma skoarde nei in yndividuele aksje de 1-1. Deselde Henk moast krekt as in Balkspiler, mei in wûn oan de holle efkes letter it fjild ferlitte. Hij kaam wol werom mar no mei in tulbân.
Twadde helte giel foar Balk spiler, giel foar Auke, flinke oertreding op Ronny, wat triuwerij en hast slaanderij en doe wie it dien. 1-1 en dus kampioen.

SDS 4 – Berlkum 5

Tefreden gesichten bij SDS 4. En seker bij Wouter Jan Postma. Hij skoarde de winnende. It earste doelpunt wie fan Ruun.

Oudega/Heeg/Hommerts C2 –  SDS C1:  1 –  8
Hopelik fine jimme it noch leuk om te lezen, mar hjir ferslach 22 fan dit seizoen. Mei 12 teams yn ‘e kompetysje betsjut dat dit dus de leste wedstriid fan dit seizoen is.  It tsjoender wurd foarof geande oan dizze wedstriid wie FOCUS. Om de druk op Leovardia heech te halden, moast der hjoed dus wer wun wurde. At je ofpraat binne om 9.00 oere fuort te gean en eltsenien is der al om 8.45 oere, dan sit it mei dizze “focus” wol goed. Sadwaande wiene we dan ek moai op tiid yn de Hommerts en hiene we sels noch efkes tiid om de E3 fan Bonne oan te moedigjen. Nei in praatsje en in bakje kofje yn de bestoerskeamer giene we rjochting klaaikeamer om us klear te meitsjen foar de wedstriid. Mei in kompleet fitte seleksje moast it hjoed beslist goed komme. Under belangstelling fan in protte minsken ut Wommels en omstreken en in swiere delegaasje trainers fan de B-junioren fan folgend seizoen, begiene we sterk oan de wedstriid. Nei 6 minuten al 0 -1 troch Kent. De leste wiken ha we moeite om dernei troch te drukken, mar hjoed beslist net. 0 – 2 troch Tjitse, 0 – 3 troch Kent, in fantastisch skot. 0 – 4 troch Stan, 0 – 5 perfekt ynkopt troch Douwe Jan. Betiiden prachtige oanfallen en einliks hie de stan mei rest noch wol heger utfalle kinnen. OHH hie it gelok dat in oantal kearen peal en latte yn de wei stiene. De twadde helte itselfde byld. In folle better SDS en foar de tsjinstander wie it eins allinich mar tsjin halde. Dit slagge net want it wurde 0 – 7 troch Stan en dernei ek noch 0 – 8 troch Merijn. Fansels is it prachtig dat it sa goed rint, allinich foar Mark as keeper is der dan net folle oan. Einliks soene we him de leste 10 minuten yn de spits derbei sette en dus sunder keeper te spyljen. Ut respekt foar de tsjinstander ha we dit toch mar net dien. Mar Mark woe beslist in goal meitsje en dat slagge ek noch krekt foar tiid. Jammergenoch tikte hy de bal yn syn eigen goal, dus 1 – 8.  Mark hie hjir wol de pest oer ien, mar at je it hiele seizoen sa goed keept ha en it al 0 – 8 stiet, moat hy dit mar gau ferjitte. Nei de wedstriid in grut applaus fanof de kant en dat ha de jongens ek fertsjinne. Hjoed wer in prima wedstriid delsetten. Mei nammen spyle Sander, sunder echt op te fallen, in dyk fan in wedstriid. Nei us wedstriid binne we gau rjochting Snits ryden wer us konkurrint Leovardia spyle tsjin SWZ.

SWZ C2 – Leovardia C2: 0 – 1
Omdat we sels yn de Hommerts fuotbalje moasten, koene we allinich de twadde helte sjen. By in lykspul of winst foar SWZ wiene we hjoed al wis fan promoasje nei de 1e klasse. En mei rest stie it noch 0 – 0. De twadde helte wie SWZ de bettere ploeg en kryg in pear 100% kansen, mar wunderbaarlik wurde der net skoard. Ek 0 – 0 wie foar us genoch, mar twa minuten foar tiid falt dan toch de 0 – 1. Hielendal unterjochte, mar dat telt fansels net.  No moatte we dus noch in wike wachtsje en binne we ofhinkelik fan Makkum.

Nye wike spilet Makkum dus thus tsjin Leovardia. Dizze wedstriid is destiids staakt en wurd nye wike utspyle. Noch 1 helte mei in stan fan 1 – 0 foar Makkum. By winst fan Makkum of lykspul binne wy promofeare. De bedoeling is om hjir mei syn allen hinne om Makkum oan te moedigjen. Wy kinne der sels no neat mear oan dwaan. Wat der no ek bard, it is in prachtig moai seizoen west. Nye wike dus de ontknoping.

SDS MD1 – Dronrijp-Foarút MD1
De laatste wedstrijd vandaag voor de meiden van SDS MD1. Met een pittig windje op het veld was het af en toe lastig voetballen. De bal waaide soms zomaar over de zijlijn of terug richting keepster! In de eerste helft had Dronrijp/Foarút het minste last van de wind en kwam SDS met 0-2 achter. Na de limonade en de peptalk van Bauke in de rust gingen de meiden van SDS vol energie weer het veld op, maar Dronrijp/Foarút scoorde weer. De meiden van SDS lieten de koppen niet hangen en bleven er voor gaan. Dat resulteerde nog in een goal van Silke waardoor de eindstand 1-3 werd.

De voorjaarscompetitie zit er nu op voor de meiden. Renske is topscoorder van het team geworden met 7 goals. Silke maakte er 2 en Evie 1. Wat de eindstand in de competitie wordt is nog even afwachten omdat de andere teams volgende week nog moeten spelen. Wij kijken hoe dan ook terug op een mooi seizoen, met een altijd enthousiast team en veel enthousiaste ouders langs de lijn.

In de rust werden Paul (trainer), Bauke (trainer/leider) en Aukje (regelmiep) door de meiden verrast met bier en chocola.

Voor alle meiden was er een sleutelhanger met hun eigen foto.

Groet, Aukje Schellens
(regelmiep MD1)

Efkes Balje
It wie in histoaryske jûn. It wie de lêste kear dat er in mooglikheid wie om op it griene gers fan it A-fjild yn Easterein te baljen. It histoaryske sit him yn it feit dat de fedetten fan it Efkes Baljen nea harren keunsten sjen litte koene op it A-gersfjild. De slach waard freed wer levere yn Wommels op gers, hiel lang gers. No binne se bij it Efkes Baljen wol wend om strak yn te passen mar strak wie net goed genôch, it moast superstrak yn de oertreffende trep. De ferdwaalde hûnekeutel hie plak makke foar in ferdwaalde en ferjitten keatsbal mar gelokkich stjonke dy net, hoewol sommigen fine fan wol.
Der wie in even oantal fan 10 man. Dat wie te tankjen oan Johan Heerma en de Mediamarkt wêr’t se altyd roppe “laat je niet gek maken” of sokssawat.
It baljen kaam dreech op gong, want der moast fansels noch efkes neipraat wurde oer de prestaasje fan SDS A1 yn Stiens.
De hesjes wiene ferdield troch Tjerk en nei ôfrin wie hij in lokkich man. It waaide kompliminten. Want de grutte partij waard in tige spannende striid dy’t krekt yn it foardiel wûn waard troch Jesse, Menno, Folkert, Ferry en Aant. Mei namme dy ien nei lêste wie as in mes sa skerp en skoarde de iene noch moaier as de oare.
De healweinjoggen2doelpuntenfinale (hn2df)ferge noch hiel wat krêften (it gers groeide mar troch) en de 1-1 tuskenstân sei alles. De winnende wie in “knackebrödsje” fan Harrie dy’t er dêrmei  foar soarge dat ek Tjerk, Klaas, Michael en Wouter werom sjen kinne op it suksesfol jûntsje.
En jonges fan it tredde, at Klaas moarn wat te strak ynpaast, dan witte jim wêrom.
Aant