Weppers freed 13-2

Seleksjes sneon 14-2
12 februari 2015
SDS League ynfulle!
13 februari 2015

Programma
Oan de seleksjes te sjen giet it sneon wer los. Kompetysje en in útwedstriid foar SDS 1 en gelokkich ek in thúswedstriid: A1 om 12.00 oere.

Efkes Balje
Juster stie mei grutte letters yn de krante dat freed de 13de net in ûngeloksdei hoecht te wêzen. Foar de Efkes Ballers giet dat op. De hiel wike folge se it waar mei mear as bysûndere belangstelling en de kâns dat it hjoed trochgiet skatte wij heger yn as 99 %.
Oan de whatapps te sjen, steane se foar 19.30 allegear al klear op it fjild efter de sporthal.

Oefenje
Sneon ek noch in oefenwedstriid op de Skoalleseize. SDS D1 nimt it op tsjin SDS C1. Dat wurdt in nijsgjirrich potsje tinke wij. It is al om 9.00 oere moarn.

Oefenje
SDS 2 sil moarn ek oefenje. Sy oefenje yn Berltsum op keunstgers om 12.00.

Oefenje
SDS 5 wol yn Frjentsjer sjen litte dat al dat sealtrainen omset wurde kin yn in goeie oefenpot yn de bûtenlucht.

Seleksje SDS 5
sc Franeker 6 – SDS 5 –
10.45 der wêze
12.00 fuotbalje
Arjan, Ruun, Eeltje, Peter, Doede,Klaas Bouke, Jelle, Wietse, Thomas, Gerlof Jan, Bram
Riders: Peter Bram Jelle

Keepers mei helm

Unitas yn Gorichem is de earste amateurklup yn Nederlân dy’t de helm ferplichte hat foar keepers.

Ut de âlde Treffer
Wij seagen noch efkes yn de Treffer fan juny 1985. Wij sjogge bij de nammen noch wat SDS 4 spilers (Ype, Tjeerd, Ids en Klaas) en noch in Efkes Baller (Wouter)
 

Harsens derby (1432)
Mocht SDS 1 moarn winne fan SC Joure 1 dan sjogge wy it wol sitten dat Jaap Toering sa begjint te juichen: