Weppers sneon 13-8

Weppers freed 12-8
11 augustus 2011
Weppers moandei 15-8
14 augustus 2011

Jimbar
Wy namen oan dat de Jimbar sneintemiddei iepen wêze soe foar Ajax – SC Heerenveen mar dat is net sa lit Wybren ús witte. Der binne in soad echte fans hinne.net.
Lykas de hiele famylje Wijnia (dy fan de webside) dy’t noflik út de sinne en droech op de tribune yn de Arena sitte.

Kaarten Lowlands
Jan Stenekes hat noch trije kaarten foar Lowlands te keap. Dat feest is folgend wykein. Wa’t belangstelling hat graag sa gau mooglik skilje op: 06 280 680 51 (want Jan giet op moandei in pear dagen fuort).

Earste klassers
De earste klas keatsers binne snein yn Easterein om harren keunsten sjen te litten. 24 partoeren op de list en it begjint 11 oere op de Skoalleseize.


South-Park SDS’ers(31)
Wy kinne hast wol wer wat nije South-Park-SDS’ers brûke. Wolle jim ien meitsje dan kinne jim der
hjir alles oer lêze.
Janneke van den Elshout makke hast alle froulju fan SDS DA2. Hjir Anna-Marijke Posthuma:


Harsens derby (541)
Ûnder it sporten moatte je goed drinke. Yn de jierren 70 seinen sy der noch net by wat je dan sa al drinke moasten. Sa nimt Willie Johnston hjir efkes in teug bier foardat hy de korner nimt. De ienige spiler dy ’t wy dat no noch dwaan sjen soenen moast Theo Janssen wêze. Soe ien fan de wepmasters fannemiddei by Ajax-SC Heerenveen him in tapke of fleske oanrikke?




Letter mear!