Jûn yn Easterein twa wedstriden fan de 7 frous-formaasje fan VR2 op it keunstgers yn Easterein. sc Bolsward en sc Joure binne de tsjinstanners
Jûn gewoan yn Easterein op it oare diel fan it keunstgersfjild
Om 9.45 sil SDS JO9-1 besykje kampioen te wurden tsjin Beetgum JO9-1g. Dus kofjetiid efkes yn Easterein sjen om de mantsjes oan te moedigjen.
De lêste thúswedstriid en de lêste wedstiid fan SDS 1. Alteast dêr geane wij fanút. Koach Marco Hoekstra sil it mei dizze seleksje fan 15 man dwaan tsjin Heerenveense Boys: Jaap, Gerwin, Bauke, Jacob, Remco, Marco, Ewout, Teun, Wiebe, Pieter, Erik, Lourens, Hendrik, Jelmer en Gertjan.
Om 15.00 oere begjint SDS 3 syn wedstriid tsjin scJoure 3. Dizze seleksje kinne jim bewûnderje: Klaas, Harm, Auke, Gert Jan, Henk, Jan Simon, Peter, Roveret, Ronny, Tjeerd, Wichard, Ype en Anne Patat.
Flagger: Daan Boersma
Der binne sneon te min SDS 4 spilers om oan te treden tsjin Workum 3. Giet dus net troch
Om 11.30 oere begjint de wedstriid Mulier Vr1 tsjin SDS Vr1. It binne drokke tiden want de froulju hawwe woansdei ek al balle en moatte tiisdeitejûn ek los. De seleksje hawwe wij noch net trochkrigen.
Sneontemiddei nei ôfrin fan SDS1 – Heerenveense Boys 1 is Sjouke de Groot yn de kantine om plaatsjes te draaien.
Wij witte hast wol seker dat der sneon ek immen in elpee meinimt fan the Cats…
At DJ Sjouke dy wol draaie wol is mar de fraach.
Ate Vellinga hat mar in koarte tiid trochbrocht yn syn nije keamer yn Nij Stapert. It gie net goed mei him en hij is in pear wiken werom wer opnommen yn de van AndelKliniek yn Drachten. Hij mei besite ha en dat is ek goed foar him en in kaartsje krije fynt hij ek leuk:
Van Andelkliniek, Compagnonsplein 1 9202 NN Drachten
Dy komt noch…….