Sneon 13-5

Weppers freed 12-5-2017
12 mei 2017
SDS JO9-1 kampioen 2e klasse
14 mei 2017

9.45   SDS JO9-1  wol kampioen wurde 

14.30 SDS 1 wol graach it seizoen goed ôfslute

16.30 DJ Sjouke draait plaatsjes

Vr. 19:30 SDS VR2 – Joure SC VR1
Vr. 20:30 SDS VR2 – SC Bolsward VR4
Za. 8:45 SDS JO13-3 – Zeerobben JO13-3d  0-7
Za. 8:45 SDS JO11-3 – Franeker SC JO11-7  9-0
Za. 8:45 SDS JO11-4 – SC Bolsward JO11-9  2-3
Za. 9:45 SDS JO9-1 – Beetgum JO9-1G  12-1
Za. 9:45 SDS JO9-3 – FVC JO9-4  0-2
Za. 10:00 SDS JO13-1 – Terschelling JO13-1Gd  1-0
Za. 10:40 SDS JO11-2 – S.C. Stiens JO11-3  2-5
Za. 10:40 SDS JO9-2 – fc Harlingen JO9-3G  0-8
Za. 11:15 SDS JO15-1 – Blauw Wit ’34 JO15-2  3-0
Za. 11:45 SDS MO15-2 – SC Bolsward MO15-2  3-5
Za. 11:45 SDS MO13-1 – VVT MO13-1d  1-2
Za. 12:40 SDS JO13-2d – Dronrijp Foarút Comb JO13-2  4-6
Za. 13:20 SDS JO15-3 – Workum JO15-2G  1-6
Za. 14:30 SDS 1 – Heerenveense Boys 1  3-0
Za. 15:00 SDS 3 – Joure SC 3  1-4
Za. 8:45 Be Quick D MO15-1 – SDS MO15-1d  4-1
Za. 9:00 SJO Bergum BCV Comb JO17-4 – SDS JO17-2d  1-11
Za. 9:30 Eastermar JO15-1d – SDS JO15-2  5-2
Za. 11:30 Mulier VR1 – SDS VR1  2-2
Za. 14.45 Workum 3- SDS 4 g.n.t.

SDS 1 – Heerenveense Boys 1      3-0


SDS 1 hoechde net te winnen om yn de tredde klasse te bliuwen. Dat kaam it spul te goed. Der waar wat minder mei hasten oanfallan as oars, wylst de kânsen wol kamen.  Foar it skoft hie Lourens seker in kear skoare moatten. It wie Erik dy’t út in frije traap fia de muorre rekke skeat. In noflike foarsprong en SDS hoegde allinne mar te konsolidearjen. The Boys út Hearrenfean waarden ien of twa kear gefaarlik yn de earste helte. Mei de wittenskip dat WPB efter stie tsjin NOK koe SDS de rêst bewarje om der op “gepast” momint 2 en sels 3-0 fan te meitsjen. Beide doelpunten wiene fan Lourens van der Pol dy’t dêrmei syn seizoenstotaal fan 2 ferdûbele nei 4. De sportive wedstriid wêr’t |Heerenveense Boys net de yndruk wekte dat se leaver nea wer nei Easterein moatte, einige yn de fertsjinne 3-0 einstân.

Mulier VR 1 – SDS VR 1    2-2

Der binne fan dy wedstriden wêrbij je folle better binnen mar de bal der net yn wol. It kin dan soms noch slimmer wurde, at de tsjinstanner skoart. Net ien kear mar twa kear. It Oerkaam SDS VR 1 yn Wytmarsum.  Mar yn de twadde helte waar de mear as fertsjinne punt binnenhelle troch twa doelpunten fan Akke Rixt wêrfan ien út in frije traap.

SDS 3 – sc Joure 3      1-4

Sij wiene better, hearden wij nei ôfrin. Henk Postma skoarde út in strafskop.

SDS JO15-1 – Blau Wyt JO15-2    :   3 – 0

It wie juster it ferhaal fan de 12e man. Nei de goeie oerwinning ferline wike yn Emmeloord, koene we hjoed it 4e plakje wer pakke. Dat soe dochs geweldich weze, mar dan moast der earst noch wol efkes wun wurde fan Blau Wyt ut Ljouwert. Mar us seleksje wurd hieltiid smeller. Sander noch hieltiid blesseard en ek Douwe Jan koe net fuotbalje troch in blessure oan syn ankel oprun tiidens de training fan tongersdei. Gelokkich wie Kevin (as 12e man) wer ree om us te helpen.
Hij moast earst sels fuotbalje yn Eastermar, mar koe om goed 11.20u by us oanslute.  Us wedstriid wie om 11.15u utein setten en we hiene it net makkelik. Lykas de utwedstriid yn Ljouwert (3-1 ferlern), fuotballe Blau Wyt goed mei. In sterke sintrale ferdediger, goed middenfjild, behindige linksbuten en in hiele goeie spits. Michael hie it hiel dreech mei dizze behindige linksbuten. Ek Merijn hie it dreech, hy koe foaryn eins net gefaarlik wurde. It spulbyld gie op en del en it koe dus alle kanten ut.
Ik tink dat de measte en beste kansen wol foar Blau Wyt wiene. Mar it bliuwt oan de rest ta 0 – 0. De twadde helte moatte we iets betinke om tot skoaren te kommen. We hiene betocht om Merijn op de rjochtback te setten en Kevin foaryn derbei. Merijn wie hjir yn earste instantie net bliid mei. Logisch fansels, it it foar him wol in hiel frjemd plakje en dat is hy net went.
Mar it pakte wol hiel goed ut. Hy hie de behindige linksbuten yn de buse en hie ek hieltiid de goeie pass nei foaren. Ruerd die it op de links back mear dan prima en skeakele earst syn man ut en hie dernei hieltiid de fuotbaljende oplossing. Tsja, en dan us sintrale duo efterien. Ik nim se mar de slopers. Unfersettelik geane se foar eltse bal en wolle elts duel winne.
Wiltsje, mei syn sterke bealch, is hast troch net ien te ferslaan. Eeltsje is fansels in stikje lytser, mar docht it fantastisch en wurd eltse wike better. Hy foutballet mei de kop en is ek unmisbar efteryn.  De twadde helte stiet it gewoan better en wat is it dan moai dat we nei 3 minuten yn de twadde helte al op foarsprong komme. Noch moaier fansels dat Kevin (de 12e man) dizze makket. Ut in moaie pass fan Tjitse komt Kevin allinich foar de keeper en skoart behearst. 6 minuten letter makket Stan mei in punterke de 2 – 0. Stan wie gebrand, de earste helte woe it net, mar dat hat hy de twadde helte wol goed makke. Mei syn oergriselike power wie hy in wiere pleach foar de ferdiedigers fan Blau Wyt. In kertier foar tiid makket Stan de 3 – 0 en dan is it klear fansels. Dochs kriget Blau Wyt noch in hiele grutte kans. De goeie spits komt allinich op Jeffrey of. En wat docht Jeffrey ??? Hy bliuwt hiel lang stean en pakt dizze bal gewoan klemfest.  No ja, sa gewoan wie it net. Mar it wie wol gewoan in geweldiche redding !!! Fierder bart der net folle mear, allinich dat in spyler fan Blau Wyt terjochte read kriget foar nei traapjen. 3 – 0 is dus de einstan en sa klimme we wer op nei it 4e plakje. Nye wike de leste wedstriid, mar wat der ek bart, it seizoen is foar us tige slagge.

Theo.

SDS VR2

De laatste speelronde van SDS VR 2 wordt thuis in Easterein gespeeld.
Anne, Rajsa, Marloes, Petra, Sietske, Lize, Kirsten, Sanne Rixt, Janieke en Alissa strijden om de laatste punten in deze competitie.
De Blackboys hebben afgezegd en daarmee wordt de competitie wat kleiner. Er wordt op 1 veld gespeeld en we spelen allemaal 2 wedstrijden.
Onder leiding van Paul Walstra en met als scheidsrechter Marjo start SDS tegen de koploper Joure. Joure blijkt een maatje te groot. Bijna alle speelsters van Joure scoren een keer maar SDS doet er alles aan om de eindscore onder de 10 te houden en dat lukt!
De eerste 4 goals van Joure rollen er vlot in. Onze vaste keepster Anneke is afwezig maar Lize staat ook haar mannetje op goal.
Mede door de dreiging van de keeper worden vervolgens 4 goede kansen van Joure niet benut.
SDS heeft ook paar kansjes. Maar scoort net niet. De eindstand is 0-9

Door de afwezigheid van de Blackboys hebben we een pauze van 30 minuten. Coach Paul geeft goede aanwijzingen!
Bolsward -Joure eindigt in 0-3

Op zaterdag staat de helft van onze speelsters vaak langs de lijn om hun zoon of dochter aan te moedigen. Het is leuk te zien dat er nu een aantal bekende jeugdleden langs de lijn staan om hun moeders aan te moedigen 🙂

Dan mag SDS het opnemen tegen Bolsward. Bolsward komt op 0-1 voor maar al snel maakt Petra de gelijkmaker! Topgoal!
Daarna komt de 2-1 van Marloes. Er wordt veel beter overgespeeld en ook de verdediging staat beter.
Sanne Rixt maakt bijna de 3-1 maar de bal komt net niet over de doellijn.
Bolsward slaagt er nog in de gelijkmakende 2-2 te maken.
Nog wel een aantal schoten van SDS op de goal maar helaas geen treffer.

Al met al mooi gespeeld door onze vrouwen waarvan de meesten nog maar zo kort aan het voetballen zijn!
Paul dank voor het coachen en Marjo voor het fluiten!
Na de wedstrijden nog gezellige nazit in de kantine!
Op naar volgend seizoen!
Voorlopig blijven we iedere week nog trainen onder leiding van Paul.