SDS-League: Dochs noch priis foar Feyenoorder…..

Weppers tongersdei 11-5
11 mei 2017
Weppers freed 12-5-2017
12 mei 2017

It wie net sa ’n best wykein foar de Feyenoorders, mar dochs giet der in Feyenoorder mei de wykpriis fan troch. De wepmaster mei de lisfyts pakt mei fan ‘Min nei better’ mar leafst 38 punten. As it no mar net fan min nei noch minder giet mei Feyenoord……………

Koprinner ‘De Supersubs’ fan Dirk de Jong hat in better wykein as koprinner Feyenoord. ‘De Supersubs’ rinne as koprinner sels út op de nûmer twa en kinne, oars as Feyenoord, de titel eins net mear misrinne.

Marten Faber hie al net sa ’n goed wykein, mar de prestaasje fan ‘Op naar de Top’ mei mar 4 punten sille him der dizze wike ek net boppe-op helpe……….

Foar Stefan van der Velde hoppe dat it noch al wat better wurdt mei syn team, want hy pakt mei ‘Better wurdt it net’, mar 1 puntsje…….

In nuver wykein wie it ek foar de SDS-League. De Feyenoorders pakten allegear hast minpunten en ûndanks dat Ajax wûn hienen spilers as Ziyech b.f. ek gjin punten. Ien fan de toppers by Ajax wie dit wykein Heiko Westermann. Hie pakte mar leafst 7 punten! En dat wylst hy der oer it hiele seizoen noch mar 9 hie……

‘Maccabi Marco’ Rijpkema stiet op in respektabele efterstân op ‘FC Moais Tom’, dat wy der wol in SDS-sjaal tusken doare te setten dat hy de poedelpriis pakt.

Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2016-2017 twadde helte wike 11