Weppers freed 11-9-2020

SDS-dropaksje
11 september 2020
Sneon 12-9-2020
11 september 2020

Wolkom!

Wy hjitte jim moarn allegear fan herte wolkom by SDS. Wol mei de Korona-rigels fansels!

Mei tank oan de ING!

Sneek Wit-Zwart VR1 – SDS VR1

SDS Vr.1 hat ien kear spile yn dit toernoai en sil no harren twadde wedstriid spylje yn Snits. It begjint om 12.45 oere.
De seleksje: Annemiek, Alissa, Elske, Femke, Froukje, Gerry Edou, Hester, Jildou, Kirsten, Marit, Marjo, Marrit, Petra en tante Seriette.

Kin SDS 1 winne yn Makkum?

SDS 1 moat winne tsjin Makkum 1 om troch te gean yn de bekerstriid. Om 15.00 oere traapje se ôf en tsjin fiven witte wij it antwurd.
De seleksje en tiden:
13.00 aanwezig
13.15 bespreking
13.30 omkleden
13.45 teamfoto
14.00 vertrek in tenue naar Makkum
14.30 warming-up
15.00 aanvang wedstrijd
1 Jaap©️, 2 Luuk, 3 Erik, 4 Remco, 5 Jelte-Pieter, 6 Pieter, 7 Peter, 8 Wiebe, 9 Hendrik, 10 Matthijs, 11 Teun, 12 Jacob-Klaas, 13 Gerwin, 14 Frank en 15 Steven.

Kin SDS 2 wer winne?

SDS 2 stiet er goed foar yn it bekertoernoai nei twa oerwinningen. Kinne se dit moaie begjin in ferfolch jaan troch te winnen fan Leovardia 3?
‘1 punt of in lykspul is genôch foar de folgende ronde!’
Om 12.15 earne yn Ljouwert balje en om 10.30 oere fertrekke dizze manlju:
De seleksje: Arjen, Ewout, Jesse, Jort, Jurjen, Kent, Lieuwe, Robin, Sietse, Steven, Wesley, Wessel, Mark en Habtamu.

SDS 3 – sc Bolsward 3 g.n.t.

Om 14.30 oere soe de kompetysje los foar gean foar SDS 3. Sc Bolsward 3 hat spitich genôch net 11 lju op papier krije kinnen en komme net op besite yn Easterein.

SDS 4 – Zeerobben 4

Om 12.30 oere yn Easterein de kanjers fan SDS 4. Dit is de seleksje:
Peter, Jeffrey, Michael, Jorrit Engelsma, Aiso, Mark, Sytze, TRV, Hendrik E, Halbe, omke Bote, Doede S, Michiel, Gerben, Niels en miskien noch 1.

SDS 5 – Hardegarijp 5

Nei in suksesfolle oefen- en trainingskampanje begjint SDS 5 oan de kompetysje tsjin Hardegarijp 5. Om 14.30 te sjen yn Easterein:
Harm D, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Feite, Harm S, Henk, de 3 J’s (Jan-Simon, Jentsje en Jeroen), Kerst, Klaas, Robert, Ronny, Tjeerd, Tsjipke, Robert en Peter Stuiver.

Koronarigels yn de auto

De KNVB jout as advys dat as je mei syn allen yn de auto moatte nei b.f. in útwedstriid dat elkenien fan 13 jier en âlder in mûlkapke draacht. Yn in bus is it mûlkapke ferplicht. Sjoch hjir foar mear antwurden op fragen troch de KNVB.

SDS-dropaksje

Nije wike is de útstelde SDS-dropaksje. SDS-jeugd sil dan mei dropkes by de doarren del. Foar mar 2 euries hawwe je al in pûde en 3 pûden koste sels mar 5 euries. Sneon binne se ek yn de bestjoerskeamer te keap!

Lokwinske!

Alwer babynijs by SDS! Ald-spylster fan SDS Vr.1 Neeltje Wariman – De Boer en SDS 4-spiler Ralph Wariman hawwe tiisdei in lytse poppe krigen. Sy hjit Malia. Fan herte lokwinske! Ek skiedsrjochter pake Jelle de Boer fan herte lokwinske!

Lokwinske!

Us jeugdfoarsitter, Tjerk van der Pol is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2251)

Toet, toet!

 

Letter miskien noch wol mear!