Evenementen in december 2022

Weppers tongersdei 10-7
9 juli 2008
Weppers sneon 12-7
11 juli 2008

Kompetysje-yndielingen
De KNVB hat it dreech mei de kompetysje-iendylingen foar kommend seizoen. De standaardteams binne yndield mar de rest moat allegear noch. De KNVB hoopt dit ein july foarmekoar te hawwen(klik
hjir).

Teamyndielingen
De foarlopige teamyndielingen fan de senioaren binne bekend. Wy meitsje se it wykein bekend.

Us oprjochte dielnimming
In pear moanne lyn hiene wij foar de Treffer in petear mei SDS supporter Minne Bonnema. Yn in noflike sfear praten wij him en syn frou Marie bij him thús oer syn libben en hobbys. Wij skrikke fan it berjocht dat de frou fan Minne Bonnema op 8 july ferstoarn is. Wij winskje Bonnema, syn bern en fierdere famylje in protte sterkte ta mei dit grutte ferlies.

WK
Justerjûn waard der yn Wommels wer fuotballe. Mar leafst 14 man dienen mei. It wurdt dan ek heech tiid dat der gruttere goaltsjes komme, want it begjint hieltiten mear op wedstriden út de Serie A te lykjen(allegear foar de goal hingje en hoopje op in kounter).
Justerjûn wie in debutant de grutte man. Sietse Kooistra makke de winnende goal. Hy soarge derfoar dat Jan, Aant, Mark, Eeltsje, Arjan en Willem mei in goed gefoel nei hûs ta gienen. Ate Feike, Hendrik, Henk, Erik, Jappie, Gearard en Gerlof “Servet” Hofstra dropen ôf…… 

WK-sjurts
Op it WK yn Wommels komme hieltiten mear fuotballers ôf. Hjirtroch is der ek in hieltiten grutte ferskiedenheid oan sjurts. Sieten oars eltsenien mei in roze sjurt, grut burd, lang hier, koarte poatsjes, swarte fuotbalskuon, famylje, ensfh. allegear byelkoar, no is der gjin tou mear oan fêst te knoopjen. Wa kin foar ús spesjale WK-sjurtsjes regelje sa ’t Eeltsje Postma en Gearard Posthumus goed sjen kinne by wa ’t se sitte? Mail nei
info@vv-sds.nl.

VV Nijland – SC Cambuur
Ôfrûne tisdei spile VV Niland in oefenwedstryd tsjin SC Cambuur. De Ljouwerters wûnen úteinlik mei 9-0. Sjoch hjir foar it ferslach fan dy wedstryd.

Dronken skeids(2)
Juster koenen wy sjen dat der by it betelle fuotbal yn Wyt(e wyn)-Ruslân in skiedsrjochter beskonken wie(sjoch hjir). Tot ús spyt moatte wy hjoed melde dat ek yn it amateurfuotbal dit wolris bard. Sjoch mar ris nei ûndersteand filmke. Betink je dat it Enne Jehannes Bruinsma is dy ’t in wedstryd fan de B’s fluitet en je hâlde it net drûg……………



Letter mear!