Weppers tongersdei 10-7

Weppers woansdei 9-7
8 juli 2008
Weppers freed 11-7
10 juli 2008

Leider/flagger
It
frouljusteam fan SDS is noch altiten drok op syk nei in leider foar folgend seizoen. De wedstriden binne sneons om 14.30. Ek sykje de froulju noch in flagger. Wa ’t belangstelling hat kin kontakt opnimme mei Anke van Asselt(klik hjir).

Reaksje

Hoi,
as ik my net fergis wie Sjoerd van Beem erg enthousiast oer disse fakature.
Teminste,op us leatste treffergearkomste wie hy sear te sprekken oer disse funksje.
By disse tip ik jim dus Sjoerd. Volgens my hat er in ny eamel-adres:
Gr GerardvanAsselt

Trainer socht foar de famkes
It binne net allinne de froulju dy’t noch minsken sykje yn de begelieding ek de famkes fan SDS sitte noch te springen om in trainer. Dus wa’t nocht hat om troch de wike op in jûn de famkes wat te learen moat him melde bij Anke van Asselt(klik hjir).

Slagge
Us lokwinsken geane út nei Gerlof Jan (“Servet”)Hofstra. Hij koe juster syn diploma HBO Bedriuwsekonomy op helje en kin op syk nei in keamer yn Grins.

WK 07-07-08
Wat foel der op dizze editie fan it WK op?
Kees Adema: Skammet him der net foar om de bal oer de syd- of achterlyne te skoppen ( Art. 56 lid b Duitse Inburgeringswetboek)
Mark Postma: Wit hoe hij de angel út de tsjinstander syn team en syn eigen team mut helje
Willem Wijna: De trotse besitter fan in “tredde” bal
Gearard “Pipo Inzaghi” Posthumus: Krijt geandewei it seizoen troch dat der mear freonen yn it fjild stean dan allinich it o sa bekende goal
Ralph Wariman: Bewiist dat der mei min waar ek sunder majo en mofkes foutbalt kin wurde
Erik Haitsma: Siket nog altiten ien die syn skoun fiiterje kin
Arjan Posthumus: Moat fouilleren pur sang sakelijk hâlde….
Jacob Klaas Haitsma: Lit dit jier op ‘e nij blike dat hij de rol as keeper nog steeds ambieert.
Gerlof Servet Hofstra: Hege pieken en djippe djippe djippe djippe
djippe dalen.
Eeltje Postma: Pannakoning, dochs ek de man die ’t it faakst it bosk ynstjoerd wurd.
Henk Postma: “De Bealch fan Wommels”
Sybren: Foutballe ek mei!
Hendrik Engbrenghof: Te folle fuotbald en te min scoort…

Folgende WK
Jûn om 19.30 op it fuotbalfjild yn Wommels.

Linkebalje
Wij hawwe it wolris oer balje. Mar wij kinne jim melde dat it linkebaljen ek wer begong is. Wat dat is? Wij soene it net witte. It is wol sa dat wannear wij it lêste oere fan de toerrit sjogge dat er hiel wat linkeballe wurdt. Wa’t wit wat dit is kin ús maile.
Mear útspraken fan Maarten Ducrot kinne jim
hjir sjen.

Waarbenjij.nu
Nei in jierrenlange tarieding is it dan eindelijk safier. Jan Stenekes sil mei syn faam Lisanne en lytse Marije in grutte reis meitsje. Sy geane fanôf folgende wike woansdei mar leafst 7 dagen nei it altiten sinnige Skylge. Jan hâldt ús no alfêst op de hichte fan de lêste tariedingen op dizze reis op dizze webside(klik hjir).

Dronken skeids(1)
Yn Wyt-Ruslân kinne je tenminste noch tsjin de skiedsrjochter sizze dat der miskien tefolle zopen hat as der min fluitet……… Der is in kâns dat dit echt sa is: