Weppers freed 11-3

SDS League: "Boldert" pakt wykpriis!"
10 maart 2016
Seleksjes sneon 12-3
10 maart 2016

F1 siket skeids
F1 siket noch in skeids foar moarn om 9.45 oere. Wa wol? Lit it Tjerk van der Pol witte.

SDS 1 – NOK 1
SDS 1 spilet moarn om 14.30 oere thús tsjin NOK 1. Op ‘e nij in tige wichtige wedstryd foar SDS yn de striid tsjin degradaasje. Mocht SDS winne dan kin der oanheake wurde oan de ploegen boppe de degradaasjestreep.
Kom SDS allegear stypjen!

SDS Vr.1 – NOK Vr.1
Foar de mannen fan SDS 1 en NOK 1 moarn los gean spylje de froulju fan SDS Vr.1 en NOK Vr.1 tsjinelkoar. Dizze wedstryd begjint om 13.00 oere.

Kaai
Der is in fytskaai fûn op it trainingsfjild. Wa him kwyt is mei maile nei
info@vv-sds.nl!

Efkes Balje
It ôfrûne wykein gong it fansels bij de bergen del. Jûn moat er wer hurd wurke foar in goed resultaat en binne der gjin liften. Om 19.30 giet it wer lis.

Programma sneon
Wij hope dat dit it komplete programma fan sneon is en wij hope ek dat it allegear trochgiet. Oan it waar kin it hast net lizze.

Mini-League
Moarn giet de jongste jeugd fan SDS ek wer los. Sy begjinne om 12.00 oere mei harren Mini-League.

SDS A1 tarieding
SDS A1 hat him op in spesjale manier tarieden op de wedstryd fan moarn tsjin Terschelling A1. Sy binne juster nei sportskoalle F & F west en hawwe in karatetraining hân. No mar net hoopje dat dit moarn allegear fleanende tackles oplevert…….

Pieter sûnder tosken


Allegear sûnder fuotten……


De les waard jûn troch in look-a-like fan Boudewijn Kramer.

Stikkene pols
Gerwin Sybesma fan A1 kin moarn net fuotbalje. Hy hat syn pols brutsen. Net mei karate, mar ferline wike op wintersport……… Betterskip tawinske!

Kantine
Neffens Sjoerd Mossou heart in fuotbalkantine der sa út te sjen (klik
hjir).

Harsens derby (1687)
Van Gaal krige juster Klopp………