SDS League: "Boldert" pakt wykpriis!"

Weppers tongersdei 10-3
9 maart 2016
Weppers freed 11-3
10 maart 2016

It is dizze wike Allert Turksma dy ’t mei syn “Boldert and the Beautiful” de wykpriis pakt yn de SDS-League. De earste wike hie der ek al genôch punten om de wykpriis te pakken, mar krige hy him net om ’t hy syn team te let ynlevere hie. No hat hy him dik fertsjinne. Allert is de earste ynwenner fan Willemstad ea dy ’t in wykpriis pakt yn de SDS-League.


“Boldert and the Beautiful”

It seizoen kin no al net mear stikken foar Rick Hendriks. Mei “Hattrick” stiet hy no al foar de twadde wike efterinoar op it 1e plak.

Lolke Hofstra stie sa kreas 3e mei syn “Rockin’ in a Free World”, mar syn broer Aant reaget him mei “In Efkesballer” fan it 3e plak ôf. Lolke stiet no 18e.

It wie dúdlik net de wike fan de ZZP’ers. “Schildersbedrijf Erik Haitsma” sakket fan it 7e nei it 37e plak. Miskien skeelt it as wy op dizze manier wat reklame meitsje.

“FC Winnaars” fan Tom Wijnia stiet noch altiten stiif lêste, mar as je de stân op de kop hâlde dan liket it noch net sa gek………


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 3.