Weppers freed 11-11

Seleksjes sneon 12-11
11 november 2016
Ut- en ferslaggen fan sneon 12-11
11 november 2016

Efkes Balje

Jûn om 19.30 is der wer Efkes Baljen yn Easterein.

It Programma

It programma fan de earstefolgjende sneon kinne jim altyd hjir fine. Opfallende saken binne dat moarn hast alle 1 alve-of sântallen tjús moatte. Wij kinne JO9, JO11, JO15, JO17 en JO19 thús spyljen sjen.

‘Foarprogramma’

SDS/Scharnegoutum JO-19-1 is drok op syk nei syn earste punten en is fan doel om dizze moarn te pakken! Sy spylje foar SDS 1 op it haadfjild om 12.00 oere tsjin CVVO JO-19-1. Dit wurdt wier de muoite wurdich om efkes te sjen! Kom dus allegear!

Skiedsrjochters

Bij alle thúswedstriden binne wer skiedsrjochters nedich. Moai dat se der altyd wer binne. Sjoch hjir wa’t sneon fluitet yn Easterein.

Pupillen fan de wike

Moarn SDS 1 – NOK 1 en fansels binne der ek wer pupillen fan de wike. Neffens de list soene dat de twa J’s wêze moatte. Wij rekkenje der op dat Jorn Hiemstra en Jorrit Stap it earste nei in oerwinning ta koache.

Sponsers fan de wike

De sponsers fan de wike foar de wedstriid SDS 1- NOK 1 binne Duo-Bouw en Fysiotherapie Wommels.

SDS-klean

Nije wike sneon 19 novimber binne der wer SDS-klean te keap yn de kantine. Douwe Reitsma sil mei klean yn de kantine stean fan 9.30-11.00 oere. Sjoch alfêst yn de wepsjop wat der allegear te krijen is. Der is in bult op foarried, dus der kin lyk past wurde en meinommen.

Lokwinske!

Pieter Sytsma en Anco Elgersma binne hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!!

Harsens derby (1791)

Hie Jelmer Posthumus foar dat hy de penalty tsjin DWP naam in sûkeladeletter krigen dan hy hie him al makke fansels………

 

Letter mear!