Ut- en ferslaggen fan sneon 12-11

Weppers freed 11-11
11 november 2016
Weppers moandei 14-11
14 november 2016

It programma fan sneon kinne jim hjir sjen.  Ek de útslaggen fan de spile wedstriden kinne jim dêr yn de rin fan de dei en moarn fine. Binne der wedstriidferslagen, dan komme dy ek hjir. Mei oare wurden: alles wat mei de wedstriden op sneon  (en in bytsje op freed) te meitsjen hat, komt op dizze bledside. Leuke en nijsgjirrige saken, wedstriidferslagen en in fotootsje kinne maild wurde nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl.

De útslagen yn byld

utsla

SDS 1 – NOK 1      1-0

Der wiene hjoed mar twa dingen fan belang yn de wrâld: Sinteklaas dy’t feilich oankomt yn Maassslús en SDS 1 hellet trije punten. Beide saken binne slagge haw ik begrepen. Fan Sinteklaas haw ik it measte net sjoen, fan SDS 1 wol. Sij hiene NOK 1 op besite en ek dy woene graach in oerwinning bijskriuwe. It soe harren earste wurde moatte dit seizoen. Dat slagge net, omdat SDS wol ien kear skoarde en NOK dat net die. In matich nivo op it fjild, in soad spanning foar de klomjende supporters. Der wie gjin boppelizzende partij, sa’t se dat dan graach heare wolle. Miskien it lêste kertier dat  NOK dat wie, omdat sij in efterstân goed meitsje moasten. Dy treffer wie fallen yn de twadde helte en kaam nei in prima aksje fan Pieter Sijtsma. Dêrnei kreearde Jelmer Posthumus sels noch in grutte kâns mar it slagge net om de bal lâns de goeie kant fan de peal te krijen. NOK besocht fan alles, mar de ferdigening hold goed stân.

Opfallend wie hjoed dat SDS mei in soad routine op de bank begong: Erik, Hendrik en Dirk Yde.

Pupillen fan de wike

Der kin fansels gjin misferstân oerwêze.
De oerwinning fan SDS 1.
It is ferskriklik sneu foar it technysk trijetal fan SDS 1, mar it moat wol sein wurde:
de oerwinning fan SDS kinne wij taskriuwe oan de oanwêzichheid fan de twa pupillen fan de wike op de bank.
It wiene net samar twa,  It wiene de twa J’s.
Jorn en Jorrit.
Spesifike kwaliteiten namen se mei. Jorn Hiemstra makket diel út it fan it tige suksesfolle Hiemstra Power team yn de SDS league. Al twa kear sleepte hij mei broer en sus de wykpriis binnen en it is in publyk geheim dat Jorn de basis lein hat foar it fêststellen fan dat team.
Syn heit is keeper en hij wit dat je dêr begjinne moatte.
Pupil Jorrit Stap is in talintfolle keeper, syn heit wie ek keeper en is keeperstrainer en ek hij wist dat je dêr begjinne moatte.
Jorrit en Jorn betochten in taktyske plan.
“De nul hâlde”sei Jorrit tsjin trainer Marco. “Sa simpel is it”
“Efteryn”, sei Jornder foar de wissichheid bij tsjin trainer Robert.. ”
“De nul hâlde dat kin de keeper net allinne” sei Jorn ek noch tsjin lieder Floris.
“Nee, dat moat it hiele team dwaan” rôp Jorrit der efteroan.
“Foaryn  ien meitsje is genôch”, seine Jorn en Jorrit yn koar…..tsjin Pieter Sytsma

Jorn Hiemstra mei de lieder fan SDS 1 omke Floris

Jorn Hiemstra mei omke Floris. lieder bij SDS 1

jorrit-stap-en-jaap-toering

Jorrit Stap mei doelman Jaap Toering, dy’t de nul  hâlde koe tsjin NOK 1

 

 

 

 WPB 2 – SDS 2

“Wat er allegear mis gean kin yn ien minút” soe de kop wêze kinne fan in ferslach dat wij wierskynlik wol krije.  In oppermachtich SDS 2 yn de earste helte mei doelpunten fan Ewout de Boer (ôfstânskot) en Tjeerd de Vries.  En doe kaam dy twadde helte en de minút. Einstân 2-2.

It ferslach

Waterpoort boys uit, altijd lastig.
We begonnen sterk, veel druk, de tegenstander gelijk vast zetten en enkele kansen creëren.
Toch viel de goal na 20 min eigenlijk “uit het niets”, maar daarom was hij niet minder fraai. Van een meter of dertig schoot Ewout de bal werkelijk prachtig achter de goede keeper van WPB.
We hielden WPB redelijk onder druk, maar toch lukte het ons niet om de score uit te bouwen. Waar we de laatste tijd zo goed in zijn, kansen benutte en 2 of 3 x scoren voor rust, lukte nu gewoon niet. En dat kwam niet omdat WPB zo goed verdedigde, het zat gewoon even niet mee. Maar zoals gezegd, we gaven ook niks weg, dus eigenlijk nog niks aan de hand.
In de 2e helft, na een minuut of 13 snelt Tjeerd op snelheid langs alles en iedereen en maakt beheerst de 0-2.
Dan denk je, kat in’t bakkie. Uitbouwen en 3 punten mee uit Sneek, iets wat niet vaak gebeurd. Maar WPB had in de 20e min een superminuut. Eerst scoren ze een goede goal uit een goede aanval, ik had het nog niet genoteerd in het boekje en het stond ook al 2-2, vanaf de aftrap, in dezelfde minuut 2 x scoren, da’s behoorlijk balen. Ondanks deze tegenvaller bleven we de bovenliggende partij, had een overwinning absoluut verdiend geweest, maar lukte het dus niet om de winst mee te nemen. Neemt niet weg dat we al 8 x op rij niet verloren hebben, volgende week (alweer) vrij en daarna de derby tegen Nijland.
Boudewijn

SDS 4 – Balk 4  6-2

Heal fuotbaljend Gaasterlân wie sneon yn Easterein Wylst Aldemardum en Nijemardum bij SDS 1 op besite wie, stie Balk 4 tsjin SDS 4 te baljen op it B-fjild.  Ek hjir wûn SDS troch 2 eigen doelpunten fan Balk, 2 doelpunten fan Ayanle Barkat, 1 fan Jelte Hitzert en 1 fan Allert Turksma. It ferskil waard foaral makke yn it lêste kertier fan de wedstriid.

SDS JO15-1 –    Frisia JO15-2              5   –     2

It is sneon en dan kinne we wer lekker balje. Ofrune wike wie der goed traint troch de mannen en dus moast it hjoed goed komme. Frisia stie 2 punten boppe us, dus by winst koene we oer hun hinne gean. Wat soe it moai weze at we no in kear net earst op efterstan komme soene. Mar der seach it ek net nei ut, want de mannen fan us giene prima fan start. De earste grutte kans wie foar Stan, mar spitich genoch skeat hy de bal krekt oan de ferkearde kant fan de peal. We binne better en krije mear kansen. Mar dan komme we yn de 9e minut dochs wer op efterstan. By Frisia rinne in pear goeie fuotballers en mei nammen Eeltsje hat de hannen fol oan de snelle en goeie rjochtbuten fan Frisia. Dochs fuotbalje we best wol goed en Stan makket 3 minuten letter de lykmakker. Lang kinne we hjir net fan genietsje, want yn de 19e minut komme we wer op eftersan. En wer sjocht it der by us efterien net goed ut. Mei syn nye skuon makket Merijn hiel knap yn de 24e minut de lykmakker. Merijn fuotballet sterk en makket foar rest ek noch de 3 – 2.  Stan hie in grut oandiel yn dizze treffer, want hy wie net selfsuchtig en hald it oersicht troch de bal moai breed te lizzen. De twadde helte wurde it fuotbal fan us kant der net better op. It wurd unrestich en wer in protte lange halen. Dertroch kaam Frisia wat better yn de wedstriid mei nammen troch de lytse JO15-1 spyler fan hun. Us middenfjild hie it dreech, mar op ynset en wilskracht koene we wol  stan halde. Mei us libbensgefaarlike spitsen Merijn en Stan bliuwden we wol druk op hun ferdiediging halden. Stan kryt it noch op de heupen en bekroant syn goeie spul mei noch 2 goals. Wer trije punten derbei. Mei 14 punten ut 10 wedstriiden giet it fansels hartstikke moai. Nye wike gjin kompetsyje. We oefenje dan tsjin de pleatselike JO15-2. Beide teams ha der wakker sin yn !!!
Theo

SDS MO 15-2 – SC Veenwouden MO 15-1d       2-2

Het was nog heel rustig op de Skoalleseize toen de meiden van SDS zich verzamelden voor de wedstrijd tegen Veenwouden. De velden waren nog maagdelijk wit van de vorst van de afgelopen nacht en het zonnetje deed verwoede pogingen om door te breken.
Omdat Bauke onverwacht moest werken, nam Paul het leiderschap van deze wedstrijd voor zijn rekening. Na een teambespreking in de warme bestuurskamer waren de meiden er klaar voor en om 8.50 uur klonk het fluitsignaal voor het begin van de wedstrijd. Al na twee minuten wist Silke de weg naar de goal te vinden en stond SDS met 1-0 voor. Maar het bevroren veld en de gladde bal zorgden ervoor dat Veenwouden tien minuten later de stand gelijk kon trekken. Met een 1-1 stand gingen de meiden de rust in.
Na de rust ging het redelijk gelijk op, maar Veenwouden speelde wat fysieker dan SDS. Dat resulteerde in een goal voor Veenwouden: 1-2. SDS moest vol aan de bak en had soms moeite met het fysieke spel van Veenwouden. Maar de meiden gingen er vol voor en dat werd beloond. Tien minuten voor het einde van de wedstrijd scoorde Silke de verdiende gelijkmaker.
Een groot compliment aan de meiden dat ze ondanks de kou en de fysieke ongemakken (last van de enkel, last van de teen, vervelende botsingen op het veld) zo positief bleven spelen en tot aan het einde toe bleven gaan voor de overwinning. Daarnaast een groot compliment aan de ouders die ondanks de kou en het vroege tijdstip met heel veel langs de kant stonden om de meiden te steunen!

Aukje Schellens

SDS JO 17-1 – Zeerobben JO 17-2d

sds-jo17-1

 

 

 

Ien fan de safolle kânsen fan SDS JO 17-1 yn de earste helte dy’t net fersulvere waard. Nei it skoft gyngen der wol 4 yn.

 

The Boys spelen zich bij de eerste 3.

Het is zaterdagochtend een dag na sint maarten dus een dag dat The Boys SDS JO9-1 veel gelopen hebben om snoepjes bij elkaar te zingen dat ze veel gelopen hebben dat zagen we in de 2e helf terug. The Boys speelden de eerste 5 minuten afwachtend, dat kwam mede door Franeker die in het begin vooral leuk tegenstand leverde en het spel breed hield. Maar uiteindelijk scoorde Henk Jan de bevrijende 1-0 daarna ging het steeds beter en liepen The Boys uit naar een 5-0 ruststand. De 2e helft was niet best weinig bewegende spelers en veel die probeerden hun tegenstander uit te spelen terwijl Foppe toch echt zei blijf bewegen en eerder overspelen waarschijnlijk hadden ze het druk met hun sint maarten snoepjes in de rust? Het werd nog 7-0 de doelpunten makers waren 3x Daniël 2x Henk Jan 1x Wiebren en een eigen doelpunt. Na de wedstrijd was het afwachten wat de concurrentie had gedaan! Nou door onze overwinning van vandaag zijn we zeker van een plek bij de eerste 3!
Foppe

SDS MO13-1 – SJO Dronryp Menaam MO13-2

De famkes fan SDS MO13-1 ha it net makkelik dizze kompetysje. In dit ploegje sitte sels noch in pear E-pupillen famkes en moatte se faak balje tsjin dispensatieploegen. Dizze famkes binne sawiesa wol 2, 3 of 4 jier alder. Dat ferskil is fansels te grut en der kinne de fammen net tsjin op. Ferline wike spylen se san’n potsje tsjin Tzum en de stan is 12-0 foar Tzum. En dan makket SDS de 12-1. Moai om te sjen hoe dizze “eretreffer” fiert wurd, al wiene se kampioen wurden.
Juster wie it yn elts gefal tsjin spylsters fan deselfde leeftyd. Der unstie dan ek in lykwaardige wedstriid wer SDS it beste fan it spul hie. Der wiene wol in pear kansen foar de tsjinstander mar Minke P wist de goal skjin te halden. De spylsters Nynke, Lisa, Rixt en Minke H stienen hun mantsje (of better sein froutsje). En at der al yn spylster fan de tsjinstander trochbruts, dan stiet der altiid noch Menna. Wat hat ek sy it juster goed dien. Sa’n ynset en nea fersaakje, hiel belangryk foar dit team. Judith makket in moaie goal nei in geweldich strakke foarset fan Mare. Mare hat in hiel goed skot en dermei makket se de 2 – 0. Minke H makket mei in moaie skower yn de hoeke de 3 – 0. Larissa hie ek noch in pear kansen, mar wist spitich genoch net te skoaren. Moai om te sjen hoefolle wille en nocht de froulju yn it fuotbal ha. Uteinlik is dat it belangrykste !!!!
Theo