Weppers freed 10-8

Programma SDS-jubileum
10 augustus 2012
Weppers sneon 11-8
11 augustus 2012

SDS 1 oefent sneon
SDS 1 oefent sneon tsjin Bolswardia 1. Yn tsjinstelling ta in earder berjocht begjint de wedstriid om 15.00 oere yn Boalsert. De mannen geane om 13.45 fuort.

Balkontrôle (1)
Fannemiddei om 12 oere wiene der twa balkeunstners op it sportpark yn Easterein. Prachtige keunstkes mei de bal dy’t in soad oandacht krigen fan de jeugd en harren âlders. In ynteraktive sjo want de jeugd mocht ek noch efkes meidwaan. Letter folle mear foto’s.

Balkontrôle (2)
Begjin dit jier ha it der in stikje fan Balcontrole op jim site stoen.
In oantal talenten fan jimme hawwe oan dit fuotbalkamp fan Balcontrole meidien.
Tjerk Ebbinge, Stijn Schildkamp (hy trainde leafer dan dat hy syn jierdei fierde), Anne Klaas Bootsma en Doede de Jager.

Doede en Anne dienen net foarelkoar ûnder, mar dochs waard Anne earste yn de Dutch Shooting game.

Wy hope dat dizze jongens de trucjes die’t se leart ha, ek bij jim op de fjilden sjen litte.
Bedankt dat jim it stikje op de site setten hawwe en in soad wille freed mei jim jubileum.
Namens Balcontrole,
Harmke vd Werf

Hartstikke sneu

Us begrutsjen giet hjoed út nei Jan Stenekes. Earst moat hij it SDS feest al misse en dan op in fytspaad mei 24 spikers 24 gatsjes yn de bân krije. Neffens Lisanne is Jan in echte plakker, dat komt him no goed fan pas.