Weppers sneon 11-8

Weppers freed 10-8
10 augustus 2012
Weppers moandei 13-8
12 augustus 2012

SDS 1 ferliest
SDS 1 hat syn earste oefenwedstriid mei 4-2 ferlern yn Boalsert tsjin Bolswardia 1. Bij it skoft wie it 3-1. De doelpunten fan SDS kamen fan de twa spitsen Jelmer Posthumus en Dirk de Jong.
It wie wol tige waarm op it keunstgers.

SDS-jubileum
De kommende dagen sille jim hjir allehande foto’s en sa fine kinne oer it SDS-jubileumfeest fan ôfrûne freed.

Jierdeis
At je yn de fakânsje de jierdei hawwe dan krijt dat ornaris minder oandacht as gewoanwei. Dat is en wie op skoalle sa, dat is thús betiden net oars. En no is dat ek al it gefal bij SDS. Jim kinne de jierdeikalinder
hjir fine en sels fêststelle wa’t wat te fieren hat dizze of de kommende wiken.

Keatse
De oergong fan keatsen nei fuotbal  wurdt hieltyd mear merkber. De fjilden yn Easterein meitsje harren wer op foar it fuotbaljen. Mar snein binne de 1ste klas keatsers noch yn aksje yn Easterein. Om 11.00 giet it los en der steane 19 partoeren op de list.

Skoalleseize 25 jier
It SDS feest is noch mar krekt efter de rêch of it folgjende feest tsjinnet him al wer oan. De Skoalleseize bestiet ynkoarten 25 jier en op sneon 25 augustus is der in dei foar fuotballers. Hoe en wat dat sille jim ynkoarten wol heare, tinke wij.

Skiedsrjochters socht
Sportvrienden en vriendinnen, 
Het nieuwe seizoen staat voor de deur. Voor het leiden van wedstrijden zijn er volop scheidsrechters nodig. 
Wie heeft er zin in om F en/of E pupillen te fluiten?? 
Aanmelden kan bij Andre Vink 333134 of
famvink@ziggo.nl
 
Heb je nog geen ervaring met fluiten, en wil je wel graag. Dat kan, want in september komt er 1 avond speciaal voor pupillenscheidsrechters. De miniumleeftijd is 14 jaar voor de F en 16 Jaar voor de E pupillen. 
Groetjes, Andre Vink