Weppers freed 10-6

Alles oer de ôfskieds-wedstryd fan Anne Brouwer
9 juni 2016
Wat in dei sa´n Anne-dei!
11 juni 2016

Inleveren Materialen

Willen de leiders en trainers van de teams hun materialen inleveren vóór 20 juni 2016.

Dit kan plaats vinden bij K. de Haan, A. Joustrastrjitte 11, 8734 GJ Easterein,

telefoon 0515 – 332182, e-mail: klaasenakke@ziggo.nl.

Dit geldt ook voor de sleutels indien je ze voor volgend seizoen niet meer nodig hebt.

Mocht dit niet mogelijk zijn gaarne even contact opnemen met K. de Haan.

Wij vertrouwen op jullie medewerking.

Willem Twijnstra, coördinator materiaalbeheer v.v. S.D.S.

SDS EK-League
Jûn giet it EK los yn Frankryk. Jim kinne noch meidwaan oan de SDS EK-League. Ful dit 
formulier yn en graach ynleverje foar 18.00 oere! As it echt net oars kin dan meist it jûn ek ynleverje by de ôfskiedswedstryd fan Anne Brouwer. It kostet mar €10,- It prizenjild is ôfhinklijk fan it tal dielnimmers!

Koppel
As it fuotbalseizoen fan SDS 1 folgend seizoen krekt sa knap ferrint as ús nije trainer mei syn assistent de Slachte rûn hawwe dan moat it folgend seizoen hielendal goed komme!

Marco en Robert op nei Raerd!
(foto Henk Bootsma)

Keepersklinik
Spesjaal foar de leafhawwers:


Wommelser Kampioenskip 9 juni 2016

Fannejûn wie de earste edysje fan it Wommelser Kampioenskip fan 2016. Bytsje huverich fyts ik nei it fjild ta oansjoent de opkomst miskien wolris tafalle kin. Der binne in protte oare aktiviteiten dizze jun en minsken wolle harren sparje foar bygelyks Brouwer syn ôfskiedswedstryd fan moarn. Mar ik bin de strjitte noch net ût en der komt Jan S. yn’e auto foarby blazen. As sokke minsken al fan stâl komme dan kin it eins net mear mis gean! Wat foel der dizze edysje fan it WK op;

– Henk P. alderwetsk foar de folle 120% (Skynlik 1x yn’e wike Henk?!)

– Pieter S. gie in stik minder fuotbaljen doe der in pear fammen it fjild op kamen

– Hendrik E. kin nei trije jier noch hyltyd net oan’ e bal wenne.

– Willem W. is sa ôfgryslik oan’e bal wend dat hy der oan fêst groeit is

– Wytze L. sil it WK brûke om fit te wurden foar Skearnegoutum; dit is fannejûn net slagge.

– Elger T. wie sa safe as de nacht; allenich wie it gjin nacht.

– Ralph W. is noch hyltyd rjochts.

– Jan S. makket rentree wêrby syn positive hâlding it meast opfoel

Team Hesje; Jan S. , Ralph W., Willem W. en Wytze L.

Team Fleispet; Hendrik E., Elger T., Pieter S. en Henk P.

Team Fleispet kaam knap ût’e startblokken en makke in moaie buffer yn stân. Uteraard kakte team F. yn wertroch Team Hesje knap werom kaam oant in gelyke stân. De winnende goal moast it beslût bringen. Nei in krease foarset wie it undergetekende die mei kopgoal(ja, in kopgoal) de winnende makke.

Der is twa oeren hearlik fuotballe op it skopfjild fan Wommels, in bettere iepening kist dy eins net winskje. De oprop oan’e froulje hat fertûten dient; der wiene twa te sjen. Dêrnjonken wol ik it fêste publyk uteraard ek betankje! Spesjaal wurd fan tank oan Elger T. die de materialen prima foar elkoar hie! Kommende mandei is der om 19:30 wer in Wommelser Kampioenskip. Oant dan!

Út namme fan it WK Bestjoer,

H.K. Engbrenghof


Harsens derby (1723)
Suarez wol der wol hiel graach yn………