Weppers freed 10-5-2019

Weppers tongersdei 9-5-2019
9 mei 2019
Sneon 11-5-2019
10 mei 2019

SDS 1 – Heerenveense Boys 1

Moarn om 14.30 oere SDS 1 – Heerenveense Boys 1. In wedstriid wêr as noch wol wat op it spul stiet. Heerenveense Boys stiet noch mar ien puntsje efter koprinner Wolvega en SDS roekt noch oan de 3e Perioade. Heerenveense Boys is oan in opmerklijke rit dwaande. Sy ferlearen foar it lêst ferlern yn oktober………… Fan Skearnegoutum…………. En spilen yn oktober ek lyk tsjin DWP…….. Tafallich binne dat nei sneon ek harren lêste twa tsjinstanners fan it seizoen.
Dizze seleksje fan SDS 1 sil moarn sjen 3 punten te pakken:
Jaap, Erik, Frank, Gerwin, Habtamu, Hendrik, Jacob-Klaas, Jorrit, Lourens, Matthijs, Pieter, Remco, Wiebe en Wierd.
Ewout is noch blesseard, Marco is skorst en Jelmer moat ús lân ferdedigje!

SDS 2 nei Urk!

SDS 2 spilet sneon om 12.30 út op Urk. Sy fertrekke om 11.10 oere út Easterein. Dizze seleksje stapt by Jeroen, Feite, Tjeerd en Dirk yn de auto:
Marten, Bauke, Watze-Jacob, Yward, Arjen, Dirk, Feite, Jort, Jurjen, Lieuwe, Niels, Ralph, Sjoerd en Tjeerd.

SDS 3 om 14.45 oere tsjin Ljouwerter Sweltsjes

SDS 3 spilet moarn 14.45 oere tsjin Leeuwarder Zwaluwen 5. Dizze seleksje wurdt moarn om 14.00 oere yn de boks ferwachte:
Gert-Jan, Doede-Douwe, Harm, Harm-Auke, Jan-Simon, Jentsje, Jeroen, Pieter, Ronny, Willem, Jildert, Hendrik, Tseard en Skelte.

SDS Vr.2 nei Bakhúzen

De froulju fan SDS Vr.2 spylje jûn yn Bakhúzen. Súkses!

Foto fan RKVV Bakhuizen

Johan en Igor yn sponserkommisje!

Enne Bruinsma hâldt nei jierren yn de sponserkommisje sitten te hawwen op mei dy funksje. Yn Johan Postma en Igor Kalinowski hawwe wy twa fûn dy syn funksje wol oernimme wolle. Hjir binne wy tige wiis mei!

Skelte Anema werom by SDS!

De Technysk Direkteur fan SDS, Jaap Toering, is drok dwaande om lju entousjast te meitsjen om (wer) by SDS te baljen. Nei Peter Hoogerwerf wit hy alwer in topper te strikken. Skelte Anema hat jierren yn SDS 1 fuotballe en komt nei in ‘sabbatical’ jier werom om syn karriëre iets minder rêstich ôf te bouen. Wolkom werom!

Sneon 25 maaie SDS-slotfeest mei muzyk en barbecue

Op sneon 25 maaie spylje alle senioaren fan SDS harren lêste wedstriid fan it seizoen. Wy wolle dan it seizoen feestelijk ôfslúte mei muzyk fan Sjouke van Kammen en in barbecue. De barbecue kostet 10 euries per persoan. Frijwilligers fan SDS meie fergees! Je kinne je hjir alfêst opjaan!

Lid wurde!

Wy kinne as SDS fansels altiten nije leden brûke! It is hiel makkelijk, want je kinne hjir klikke en op it júste plak de gegefens ynfulle en it is al klear. En it docht net sear! Wolkom alfêst!

Bote

Bote is twa wiken werom oan syn achillespees opereard en mocht juster foar it earst efkes út it gips om de hechtingen derút helje te litten. De dokter wie tefreden. Ut sear ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat slachter Murk him fernuvere oer de keunsten fan de sjirurch.

SDS-tas foar mar 15 euries!

Yn gearwurking mei Muta-Sport kinne wy noch in pear SDS-tassen ferkeapje foar mar 15 euries!
Wolle je ek sa ’n tas, keapje dan moarn ien yn de bestjoerskeamer!
Der binne noch mar 2 tassen te krijen.
De nûmers 59 en 61 binne noch beskikber.
Op=op!
Underyn de tas sit in spesjaal fak foar de fuotbalskuon.
Normaal koste dizze tassen 33 euries.

 

Harsens derby (2129)

Ho!