Weppers freed 10-4

Seleksjes sneon 11-4
9 april 2015
Ut en ferslaggen 11-4
10 april 2015

Ferkeapjen m2’s keunstgers

Ynmiddels binne wy in wike los en it jild komt stadich oan binnen. Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat kin it jild no stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach ynleverje foar 30 april!
Mochten der fuotbaljende leden noch altiten gjin lotten krigen hawwe, lit it dan efkes witte fia
info@vv-sds.nl.


SDS 4
De wedstriid tsjin sc Franeker 5 giet net troch. Tsjinstanners hawwe te min.

SDS Vr2
De wedstriid tsjin Zeerobben Vr2 giet net troch. Der binne te min “seunen”.

Skorsingen
Hendrik de Jong en Jelle-Jan Visser krigen 4 wedstriden skorsing en Pieter Sytsma en Lourens van der Pol sels 7 wedstriden nei in reade kaart. Hoe kin dat no? Binne de jongens sa gemien of is der wat oars oan de hân? De measte fan dizze jongens hienen noch nea earder in reade kaart krigen. Hjir in aardich artikel hjir oer wat foar eltsenien de muoite wurdich is om efkes te lêzen.

Efkes Balje
Hoefolle der komme is no net bekend. Mar it giet seker troch (mei dit moaie waar). Om 19.30 oere yn Easterein.

Vv Workum 75 jier
Ien fan de klups dy’t bij SDS 1 ynsitte is Workum. Hjoed besteane se 75 jier en moarn is der in echte feestdei. Lucky Ajax komt om 17.00 oere op besite foar in wedstriid tsjin
Workum.

SDS League
De nijste stân fan de SDS-League is no hjir te finen.

Harsens derby (1475)
Je hawwe der gjin fluit oan, mar it is wol alderaardichst!