Weppers freed 10-3-2017

SDS-League: Wykpriis falt yn Beringe!
9 maart 2017
Sneon 11-3-2017
11 maart 2017

Efkes Balje

Jûn om 19.30 kinne se wer los.

Seleksje SDS VR 1

Sneon om 12.35 ûntfange de froulju fan SDS VR1 de Ljouwerter Sweltsjes VR 2. De seleksje, dy’t om 11.30 ferwachte wurdt sjocht er sa út:
Alize, Lysanne, Hester, Sieta, Akke Rixt, Amarins, Gerry Edou, Alissa, Geeske, Tjitske, Jeska, Janieke, Sanne Rixt, Christa
Flagger is Simon Kingma

SDS 1 – WPB 1

Om 14.30 mei SDS 1 it opnimme tsjin WPB 1. De seleksje bestiet út de folgjende spilers: Bauke, Erik, Teun, Wiebe, Remco, Hendrik, Tsjipke, Lourens, Jelmer, Marco, Pieter, Jaap, Elger, Feite

Sponsers fan de wike

Sneon bij de wedstriid fan SDS 1 binne de wedstriidsponsers KBC keukens út Skearnegoutum en technysk ynstallaazjebedriuw Hankel út Wommels

Pupillen fan de wike

Jim sjogge se sneon bij de wedstriid fan SDS 1 wer meidwaan oan de waarming up, skoare bij de doelman fan WPB, wikselspilers skerphâlde, ballen ophelje, patat ite  en alles wat mar leuk is sa’n middei as pupil fan de wike: Johan Gaastra en Auck Dijkstra sukses.

SDS 4 – Oudehaske 4

Op it B-fjild om 14.30 oere de striid fan SDS 4 tsjin Oudehaske 4. De folgjende spilers (foarnammen, ôfkoartingen en efternamme)  sille it dwaan moatte:
Arjan, Jorrit, Gertjan, Remon (1ste helte), Tseard, DdK, Wietse, Doevendans, Kb, Ruun, Steffen, Broer (1ste helt) Igor

SDS 3

Wylst de froulike Ljouwerter sweltsjes nei Easterein flein binne, moatte de hearen fan SDS 3 nei Ljouwert om dêr wat swellen te ferslaan. Dat dogge de folgjende fûgelleafhawwers:  Klaas, Harm, Anco, Auke, Gert-Jan, Hans, Henk, Ids, Jan-Simon, Robert, Tjeer, Ype, Tseard en Pieter de Vries en in B-junior. Daan giet wer mei as grinsrjochter. Sy fertrekke allegear om 12.10 oere en fuotbalje yn Ljouwert om 13.25 oere.

Sytse Haima

Sneontemiddei nei de wedstriden is Sytse Haima yn de kantine om foar in fleurige noat te soargjen en noch moaier in stik as wat oerwinningen te fieren. Sytse sjongt yn de Suskes en earder yn Pigmeat… Wij binne no al benijd hoe goed it jodelgehalte is op sneontemiddei . Sjoch hjir.

Lokwinske!

Inne Heerma is hjoed 18 jier wurden. Fan herte lokwinske! Dêr keapje wy moarn ien op yn de kantine!
Foto fan Johan Heerma

Muzyk

vv Willemsoord 1 stiet bekend as in gesellige ploech, dy’t neisitte net ferfelend fine. Soks is gau bekend en tsjinstanners spylje dêr op yn en helje der nei ôfrin fan de wedstriid in stikje muzyk bij. Ek de tsjinstanner fan sneon DWP docht dat mei Sipke de Boer. De twitteraar fan Willemsoord seit er dit fan: VVW komt spelen. Hup zangertje. Zuipen en spekken de kas van de uitclub. Pak op, welke ploeg bleef hangen op de Boschkamp?
en dan: Credits naar Hoogeveen, SDS en ons aller Woudsend.
en ek: Maar Zwaagwesteinde, VVAK, Sleat, Scharnegoutum, Elim, Hoogeveen, Woudsend dat was mooi. Ongedwongen! Maken we het feest. Gewoon eerlijk.

Harsens derby (1847)

Antonio Conte wol graach mei skjinne hannen de Ingelske skaal pakke………..