SDS League: Faber Boys pakke wykpriis!

Weppers tongersdei 9-12
8 december 2010
Weppers freed 10-12
9 december 2010

De trainer fan SDS 2, Johan Faber, begjint aardich syn draai te finen by SDS. Mei SDS 2 pakt hy hieltiten mear punten en no pakt hy ek noch de wykpriis yn de SDS League.

No noch in nije sinnebril…….

Johan Faber pakt dizze wike de wykpriis mei 53 punten. Hy hat krekt ien puntsje mear as “FC Grasmat” fan Erwin de Boer. 

Klaas Dijkstra stiet mei noch 2 wiken te gean noch altiten boppe-oan mei “Team Klaas. It gat mei nûmer 2 “Hey Ho Let’s Go”(WW) is noch 8 punten.

“Torpedo Toering(Jaap)” sjit dizze wike omheech fan 16 nei 8 en komt krekt 3 punten te koart foar de wykpriis.

Soe it ûnderyn yn de lêste 2 wiken noch in “slachtpartij” wurde? Lolke Bouma stiet mei syn “Butchers” noch altiten lêst mei 12 punten efterstân op eega Greet mei “NIHBD”.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 12.