Weppers freed 10-1

OFK’tsjes
9 januari 2014
OFK-finales 2014
11 januari 2014

Op it fjild
SDS 1 – csv Jong Holland 1
Tiid: 14.30 oere
Fuort: 13.30 oere
Fjild: LSC Snits
Seleksje:
Skelte, Ewout, Dirk Yde, Wytze, Jelmer, Jaap, Marco, Wietze, Sjoerd, Kris, Dirk, Ayanle, Ruurd Visser, Pieter Sytsma en Jurjen Los.

Jong Holland is in tredde klasser (3a West) út Alkmaar, se steane boppe oan en sij skriuwe op harren webside iets oer snipperdagen.

Yn de kroech
Durk Okkema, Ype Tiemersma, Lolke Hofstra, miskien noch wol ien en de beide wepmasters sille jûn meidwaan oan de
PraatmarFrysk kwis. Sij dogge dan ûnder de namme Wommeast. It plak is Noflik yn Easterein om 19.30 oere. En sij binne net de ienige dielnimmers want der skine noch 19 oare teams (foar spek en beane) mei te dwaan, wêrûnder de altyd en oeral skriuwende Tjerk van der Pol.

Yn de seal yn Ljouwert
Yn it programma fan de KNVB kinne jim
hjir sjen hokker teams sneon yn aksjes komme yn sporthallen yn Ljouwert.

Yn de seal yn Easterein
De B’s en C’s hawwen sneon om 9.00 oere harren toernooi yn de sporthal.

Yn de seal yn Frjentsjer
Moarn is it OFK, jim kinne der alles oer lêze bij de
OFK-tsjes fan juster.

Harsens derby(1186)
Fan je meispilers moatte je it hawwe:

Miskien letter wol mear!