OFK-finales 2014

Weppers freed 10-1
9 januari 2014
Weppers moandei 13-1
13 januari 2014

OFK
SDS âld seal hat sneon goed presteard yn Frjentsjer op it OFK.  Wij kinne de folgjende útslaggen noteare:
Drs Vijfje – SDS  2-1
SDS – Friese Boys  3-2
Workum – SDS 0-0
As twadde troch yn de poule.
1/8 finale SDS – Zwaagwesteinde   2-1
1/4 finale SDS – SC Stiens  1-2
SDS begie knap tsjin Earstedivisionist Drs. Vijfje. It kaam efter mei 1-0, mar makke knappe 1-1(Robert). Spitich wie it dat de Grinsers 2 minuten foar tiid dochs noch de 2-1 makken. Der moast dêrnei fan Friese Boys wûn wurde om noch in kans te meitsjen op de folgende ronde. Dizze kans like lyts nei in snelle 2-0 efterstân. SDS herstelde him snel en bûge de wedstryd om nei in 3-2 winst(Willem, Robert en Peter). Dit betekene dat SDS yn de lêste wedstryd tsjin Workum yn prinsipe oan in lykspul genôch hawwe soe om troch te gean nei de lêste 16. SDS kaam tsjin Workum net yn gefaar en hie sels noch wol kansen om te winnen, mar it bleaun 0-0. 
Yn de 16e finales mocht SDS it opnimme tsjin Zwaagwesteinde. SDS kaam mei 1-0 foar troch in goal fan Anne, mar de Westereenders makken der noch efkes 1-1 fan. It wie Robert dy ’t SDS mei de 2-1 knap nei de folgende ronde skeat.
Yn de kwartfinale mocht SDS it opnimme tsjin SC Stiens. Wêr ’t SDS tiisdei begien yn de nije hal mei in knappe winst tsjin Wykels/Hallum gienen sy no mei 2-1 ûnderút. SC Stiens makke de wedstryd en skeat geregeld op Jan-Simon, mar echt gefaarlik waarden sy nea. Troch in fan rjochting feroare skot kamen sy mei 1-0 foar, mar it wie op ‘e nij Robert dy ’t de 1-1 makke. De wedstryd like op penaltys út te draaien en dit like it publyk út Easterein(in man as 25) ek wol wat. Spitich genôch foel 20 sekonden foar tiid dochs noch de 2-1 troch in op ‘e nij fan rjochting feroare skot.
Al mei al wie SDS fansels tige wiis mei dizze prestaasje, mar miskien ……….
It toernoai waard úteinlik wûn troch Leekster Eagles dy ’t yn de finale mei 2-1 wûn fan SC Stiens. By de froulju wûn Drachtster Boys it toernoai foar de 4e kear op rige. Sjoch hjir foar it ferslach op de webside fan it OFK.

Dochs in priis?
SDS 1 seal kaam dus tot de lêste 8 by it OFK en dit levere gjin priis op. Of it moast al wêze foar de heechste gemiddelde leeftiid(37 jier) of foar it winnen fan de tredde helte(tegeare mei Wykels/Hallum). Sawiesa krigen sy nei de tiid miskien wol de measte komplimenten.
11-01-2014

Koe net misse
Mei sa ’n kaartsje by de skjinne sjurts en broekjes moast it fansels ek wol goed gean mei de sealfuotballers fan SDS(sjoch hjir).

Foto’s OFK
Ek op de finaledei binne der wer foto’s makke op it OFK. Sjoch hjir mar ris.
11-01-2014
Robert mei in akrobatyske aksje