Weppers freed 1-9-2017

Weppers tongersdei 31-8
31 augustus 2017
Utslaggen sneon 2-9-2017
1 september 2017

SDS 1- Tzummarum 1

Sneon de earste bekerwedstriid foar SDS 1. Tzummarum 1 is de tsjinstanner. It duel begjint om 14.30 oere. De seleksje bestiet út dizze spilers:
Jaap, Remco, Elger, Jacob, Jurjen, Frank, Pieter, Mathijs, Wiebe, Arjen, Erik, Habtamu, Kourens, Hendrik
Strykster: Pietsje Jongma

Heerenveense Boys 2 – SDS 2

Ek dit is in beker wedstriid.  Om 12.15 trede se oan yn it Hearrefean.. Dizze spilers sille it dwaan:
Gert Jan, Wiebe, Feite, Sjoerd de V, Piter vd P, Jort, Gerrit, Jildert, Hendrik, Anne. Gerwin.
De auto riders: Feite, Hendrik, Anne, Sjoerd de V geane om 10.30 fuort.

SDS 3

De bekerwedstriid tsjin Zeerobben 3 giet sneon net troch fanwege fiskerijdagen.

SDS 4

Foar de bekerstriid soene sij nei Snits. WPB 3 hie  de tsjinstanner w^ze sillen. Mar |SDS hat te min spilers

SDS VR 1

Ek sij komme net yn aksje sneon, mar wol op woansdei. Dronryp/Foarút is dan de tsjinstanner

Programma

Sjoch hjir foar it komplete programma foar sneon. Hoewol kompleet? Ek hjir binne al wer wedstriden trochskood nei in oare datum hawwe wij begrepen (ST  SDS/Nijland JO 15-1 en 15-2)

Efkes Balje

Jûn yn Easterein om 19.30 oere.

Yndieling trainingstiden

It is altiten wat in gesko mei tiden en fjilden mar it frijwol definitive totaal oersicht fan de trainingstiden kinne jim altyd fine yn it menu bij AGENDA. Dêr is in submenu oanmakke mei Trainingstiden 2017-2018

KNVB apps

Wolle je witte hoe’t je eigen team der foar stiet dan is de Voetbal.app ûnmisber. Je kinne der hjir alles oer lêze.

Harsens derby (1916)

Knappe oanfal!