De trainingsfjilden efter de sporthal en foar de boksen binne nei de stoartbuien fan juster sa wiet dat der ek fannejûn noch net op traind wurde kin.
SDS 3 en 4 traine jûn yn Wommels op it skopfjild.
SDS 3 hoecht sneon net te fuotbaljen. Sy soenen los yn de beker tsjin Zeerobben, mar de Harnser fissekoppen sjogge it net sitten om mei de Harnser fiskerijdagen te baljen.
Jûn om 19.00 oere in ynrinoerke foar lieders fan jeugdteams. It is al los mei it trainen of it giet hast los dus moatte de spullen wer bij de (nije) lieders komme. Klaas de Haan sil tusken 19.00 en 20.00 ek oanwêzich wêze as ferantwurdelike materiaalman.
Mei genoegen konstateare wij dat de simmerfakânsje ek brûkt wurdt om efkes in wedstriid yn it bûtenlân mei te meitsjen. Pieter Bouma (JO11-1) en Minne Bouma (trainer/koach JO11-1 en earder fuotballer bij SDS 1) wiene yn Italie. Sij besochten de wedstriid Chievo- Ascoli yn Verona. Einstân wie 2-1 fan dizze 3de ronde wedstriid om de Coppa Italia.
De kantine op de Skoalleseize is ferrykt mei in oantal sinneskermen boppe it terras. Woonvaria soarge foar de pleatsing. Lit de simmer no mar trochsette…..
In nijsgjirrich artikel yn it NRC fan dizze wike oer it seleksjebelied fan PEC Zwolle. Hoe sit it mei de readen, de blauwen en de grienen fan SDS 1 ? Sjoch hjir.
Kommende sneon binne der al wer tal fan bekerwedstriden. Sjoch hjir foar it programma.
Dizze kin net mis…………..