Utslaggen sneon 2-9-2017

Weppers freed 1-9-2017
1 september 2017
Weppers snein 3-9-2017
3 september 2017

De fakânsje is suver noch net iens om of de bekerkompetysje barst los. Sneon steane der  19 wedstriden mar leafst op it programma. Der steane al pear in pear yn de g.n.t status.

In útslach, in foto kinne je maile nei sds-nijs@home.nl of whatsappe nei 0655117582

9:00 ST SDS/Nijland JO15-2 – Waterpoort Boys JO15-1  g.n.t.
9:00 SDS JO11-1 – SJO Oudega/HJSC/Heeg JO11-1  7-2
9:00 SDS JO10-1 – Blauw Wit ’34 JO10-7  14-0
10:10 SDS JO9-1 – Scharnegoutum’70 JO9-1  5-2
10:10 SDS JO9-2 – Arum JO9-1  5-9
10:30 SDS JO13-2 – SJO Oudega/HJSC/Heeg JO13-2  g.n.t
11:15 ST SDS/Nijland JO15-1 – ST Arum-Stormvogels JO15-1  g.n.t.
12:00 SDS MO17-1 – Oosterlittens MO17-1  9-0
13:00 SDS 3 – Zeerobben 3  g.n.t.
14:30 SDS 1 – Tzummarum 1  3-5
9:00 QVC JO13-1G – SDS JO13-1
10:00 Makkum JO19-1 – SDS JO19-1
10:00 Arum JO11-1 – SDS JO11-2
10:15 Oosterlittens JO8-1 – SDS JO8-1
10:30 Woudsend JO17-1 – SDS JO17-2  3-1
11:30 Waterpoort Boys 3 – SDS 4  g.n.t
11:30 Blauw Wit ’34 JO15-6 – ST SDS/Nijland JO15-3
12:15 Heerenveense Boys 2 – SDS 2  1-0
12:30 SWZ Boso Sneek JO17-1 – SDS JO17-1  3-2
14:30 ST Dronrijp/Foarut VR1 – SDS VR1  g.n.t

SDS 1 – Tzummarum   3-5

It wie net in wedstriid dy’t ferfeelde.  Wol in wedstriid dy’t fragen opropt, want hoe is mooglik dat twa spilers oan de kant bliuwe moasten fanwege administrative redenen,  hoe is it mooglik dat in erfaren spiler it team dupeart troch de skiedsrjochter ûnheus te bepraten en mei twa kear giel nei de kant moast yn de earste helte, hoe is it mooglik dat SDS krekt yn de fase dêrnei de tuskenstân fan 1-1 op 3-1 bringt, hoe is it mooglik dat je yn de twadde helte sa’n moaie foarsprong fuortjouwe mei iepen hús fuotbal. Fragen en gjin antwurden. Dus de feiten mar.
SDS de betterre ploech, in iepen kâns foar Lourens mar noch gjin doelpunt. Tzummaram komt ûnferwacht en ta harren eigen ferbazing op 0-1.
SDS komt op gelikense hichte troch in prima ôfronding.
Jacob Klaas krijt giel en gelyk nochris giel fanwege praten.
SDS komt op foarsprong troch al wer Lourens.
De tee wie prima.
Nei de tee in doelpunt fan Remco Hylkema.
Noch in oantal grutte kânsen foar SDS mar ek foar Tzummarum.
Tzummarum docht er skep boppe-op en krijt meardere giele kaarten
Iepen hûs bij SDS.
Jaap in oantal rêdingen mar moat tastean dat de readwiten noch 4 kear skoare. Einstân 3-5.

De oare bekerwedstriis yn dizze poule wie AVC 1 – Minnertsga 1 . Einstân 0-2
(Aant)

SWZ JO17-1 – SDS JO17-1

Einlik it is safier, it fuotbalseizoen is wer begongen. Nei twa kear traine mei de hiele groep, moast der hjoed spyle wurde yn e beker tsjin haadklasser SWZJO17-1. In pear jier werom, doe noch C1, wiene we hjir yn in oefenpotsje troch deselfde spylers alris hielendal fuort spyle mei 12-2. Dus we moasten echt fol oan e bak. Mar dizze groep hat de leste jierren in goeie untwikkeling trochmakke. Dat die bliken yn e wedstriid.

Us jongens begongen hiel goed oan e wedstriid en we creerden best wol in oantal grutte kansen, sunder te scoren. Nei in kertier fuotbaljen kaam SWZ better yn en wedstriid. Want at dizze jongens in bytjse romte krije, kinne se allegeare hiel goed fuotbalje. Der unstie wat mear romte en SWZ makke der dankbar gebruk fan. De earste de beste kans foar hun wie direkt raak 1 – 0. De kop net hingje litte en gewoan troch gean, mar foar rest makket SWZ en noch 2 – 0. It sil dochs net deselfde kant opgean as in pear jier werom. Nee seker net, we bliuwe goed fuotbaljen en ut in prachtige oanfal makket Stan de oanslutingstreffer. Mar dizze wurd unterjochte ofkeurt foar butenspul. Mar in minut letter is it wol 2 – 1. Sjoerd spylet him fry en sjit geweldich de bal yn e hoeke.

De twadde helte pakke we it ek wer goed op. Luka spylet fantastisch en bekroant dit goeie spul mei de lykmakker yn de 18e minut. Mei syn linker lobt hy de bal oer de keeper. Dernei is it einliks wachtsjen op de 2 – 3. Dizze komt ek yn de 30e minut, mar wurd ek ofkeurt foar butenspul. Dit kear wol terjochte. Fiif minuten foar tiid komt SWZ dochs noch op foarsprong. In fan rjochting feroare skot bedarret achter Mark yn e goal. Dit wie ek de einstan. Hiel spitich want der siet absolut mear yn hjoed.

Goed fuotbal, fjochtlust, emotie, alles siet der hjoed yn. Mar foaral plesier yn it spultsje, en dat is sa belangryk. Eltsenien hat hjoed echt goed fuotballe en sunder ien tekoart te dwaan, fun ik Luka hjoed “man of te match”. Wat kin ek hy oergriselik goed fuotbalje !!! De oanrin nei dit seizoen wie best dreech. Ferskeidene randzaken ha de ofrune tiid in protte (negatieve) energie frege. Mar lieder/trainer weze moat in hobby weze die energie oplevert. No dat ha dizze jongens us hjoed jun !!!!!
Theo.

Dubbele cijfers SDS JO 10-1.


Vandaag was het eindelijk weer zo ver onze SDS JO 10-1 speelden hun eerste wedstrijd thuis tegen Blauw wit JO 10-7 in de beker. Frankrijk benutte niet alle kansen tegen Nederland. Maar mijn toppers deden het wel daar aan gingen wel mooie aanvallen aan vooraf moet ik zeggen en niet zelf zuchtig. Kortom voor het grote getale gekomen publiek was het smullen! Ruststand 7-0. De druk en zenuwen waren er van af. 2e helft weer eenrichtingsverkeer en wat heb ik als coach genoten 14-0 werd het liefst. De doelpunten werden gescoord door.

Daniel 5x
Wiebren 4x
Sibrand 1x
Geert jan 1x
Noor 1x
Tygo 1x
Eigen goal 1x.

Groet.
Een trotse leider

Efkes Balje

Freedtejûn op de Skoalleseize: Wylst de moanne opkomt, klinkt út de kantine Bad Moon Rising, wylst it de hiele dei droech is, klinkt it as sjongt de sjonger fan de band “Who’ll stop the rain”, wylst wij bliid en tefreden binne mei de opkomst heare wij de melody fan “I can get no satisfaction” en wylst de earste boeren mooglik de lêsten efteroer slaan sille, en mei in skean each op de klok sjonge “Should I stay or should I go”.
Dit binne de omstannnichheden fan it Ekes Baljen op dizze freed. De neisit fan de boer’n PC yn de kantine en in livebandsje op de eftergrûn.
No hat it Efkes Baljen ploechje fan dizze freed in frij muzikale eftergrûn mei in (eks) bandleden Menno de Vries, Klaas van der Weg en Folkert Rients Vellinga. En wat te sizzen fan Johan Heerma dy’t as in echte piraat yn Iens de ether fol lekkere muzyk slingere mei syn radio Calimero yn de jierren 80.
En ik wit hast wol seker dat Wouter stikem op saksofoan spilet, dat Douwe Jan sjongles fan syn heit krijt, dat Pieter Veenje in soad fluite hat (nei froulju seker), dat Syb mei gemak de grutte trom slacht fan Wilhelmina en dat de skriuwer fan dit stikje noch alle dagen oefent op de luchtgitaar.
Dus neat mis mei de omstannichheden.
Hoe faak at it 5-5 6-6 west hat op dizze PC wit ik net. De winners sille dan fêst sein ha: it giet om dy lêste twa….
Dat binne oan de ein ek de wurden fan Folkert Rients: It giet om de lêste twa…(hij skoarde ien) en dat seit  hij dan út namme fan Douwe Jan, Syb (skoarde de oare), Pieter en Menno.
Sij binne dan al wer fergetten dat se yn de grutte partij ôfslachte binne  as slachtkij….Safolle doelpunten tsjin , de boeren soene wol wollen dat se safolle foar de molke krije.
“Its a beautiful day” hearden wij yn ús neipetear op de eftergrûn.
“It hat moai west, sei Folkert Rients, “lit ús gean dan kin ik it thús fertelle

Aant

SDS JO 9-1 – Scharnegoutum ’70 JO 9-1


De nije kompetysjeopset foar de jeugd is ek fan tapassing yn de beker. De JO 9-1 mantsjes op in kwartfjild