Weppers freed 1-6-2018

SDS/Nijland JO 15-3 op de platte karre
31 mei 2018
Weppers snein 3-6-2018
3 juni 2018

SDS 4 gelyk

De tiisdei troch ûnderbrutsen wedstriid fan SDS 4 tsjin Heerenveense Boys 5 is einige yn 2-2. De lêste doelpunten fan SDS binne makke troch Ralph Wariman.

Wiete boel


It sil jim net ûntgien wêze dat út in stevige bui yn koarte tiid flink wat wetter foel. Waarman Rients Smit hie oer 21 millimter yn it Stroek yn Wommels.  Op it keuntsgersfjild kin it dan sa gau gjin kant út en it like dan ek net mooglik om jûns te trainen. Mar it rûn hurd ôf en sa JO19-1 op it fierste hoekje noch efkes lekker traine

Sneon

Der binne sneon noch in oantal wedstriden wêrfan trije thús:
SDS JO 11-2 om 9.00 oere
SDS JO10-2 om 9.00 oere
SDS JO11-1 om 11.15

en trije út:
SDS MO13-1
SDSJO13-2
SDS MO17-1

JO9-1 wint fan de memmen

Juster hawwe de jongens fan JO9-1 it seizoen ôfsluten tsjin de ” memmen”.
Se wûnen disse wedstriid yn in tropyske hitte mei 6- 2👊🏼
It penalty sjitten waard wûn troch de memmen.

SDS WK league 2018

De earste 3 formulieren binne al binnen neidat wij justerjûn de SDS WK league online setten. Hessel Yntema, Simon van der Vaart en Seriette Strikwerda binne der bij. It docht bliken dat it in maklik yn te fullen formulier is. Dus at jim ek bij dy 50 heare wolle ful it dan sa gau as mooglik yn. Sjoch hjir

Snein beweechdei

Lourens van der Pol organisearret yn gearwurking mei de jongereinkommisje op sneintemiddei in Pannakoai-toernoai foar jongerein tusken 13 en 16 jier op de Terp yn Wommels. Der binne noch in protte oare aktiviteiten op dy dei. Echt de muoite wurdich om der hinne te gean.
Leden ûnder 12 jier kinne bygelyks meidwaan oan de berneloop om 15.00 oere.
Foar leden âlder dan 12 jier binne der snein twa mooglikheden, dy’t achter elkoar begjinne. Meidwaan oan beide mei fansels ek.
Om 13.30 oere start de healwiisoerin. De bedoeling is om yn in heal oere in sa grut mooglike ôfstân te oerbruggen. It begjint mei rûndsjes fan in kilometer troch it doarp en it lêste diel binne lytse rûndsjes om de Terp.
Om 14.15 oere begjint it pearkdraven.
In estafette loop werby twatallen om beurt ien kilometer drave (de totale ôfstân is fjouwer kilometer. It lêste rûndsje giet tegearre oer de Terp.
Der binne omklaaimogelijkheden by de tennisbaan.