Weppers 3e Krystdei

Koppie koppie 2
25 december 2012
SDS League: "JorImke" pakt de titel!
28 december 2012

SDS/De Jimbar 3e op sealkrysttoernoai
De sealfuotballers fan SDS/De Jimbar binne juster 3e wurden op it sealkrysttoernoai yn Frjentsjer. Om ’t Tsjipke en Jelmer siik wienen gienen Johannes Tichelman en Wytze Lanting mei Jaap, Feite, Jacob-Klaas, Erik en Willem mei. Nei de lêste 3 wedstriden yn de poule wûn te hawwen gienen sy as 2e yn de poule yn de 16e finales. Hjir wûnen sy mei 3-1(Feite, Jehannes en Willem) fan de Strúners(vv Berlikum) en mochten sy yn de kwartfinale tsjin Van der Ploeg skilders(Exstador). SDS/De Jimbar kaam al gau foar troch in goal fan Jehannes, mar koe de foarsprong krekt net fêsthâlde. Yn de lêste minút makke de keeper fan Van der Ploeg de 1-1. Yn de “samar dea” waard der net skoord, dus mochten pingels útslútsel jaan. Eltsenien fan SDS(útsein Jehannes) makke de pingel en doe ’t Jaap nei in misser fan Van der Ploeg sels skoorde en in pingel pakte mocht SDS him klear meitsje foar de heale finale.
Yn de heale finale mocht SDS it opnimme tsjin De Lange(Avanti 2). De lêste 2 edysjes waard der fan De Lange ferlern, dus dat moast oars. Hjir like it allinnich net op doe ’t it al gau 2-0 efter kaam. SDS kaam noch werom oan ’t 2-2(Wytze en Willem), mar de 3-2 kamen sy net mear te boppe al kamen der noch wol wat kânskes.
De Lange ferlear de finale úteinlik fan Zeerobben nei pingels.

Sealkrysttoernoai Frjentsjer(2)
Der wienen fansels noch folle mear (âld)SDS’ers dy ’t meidienen oan it sealkrysttoernoai. Sa waard Kasper Hoek mei Bloemketerp 8e, Bote Strikwerda, Freek Tichelman en Jacob van Wieren mei Scharringa 12e en Geert Dijkstra 14e mei Schroevenkopen.nl. Sjoch hjir foar alle útslagen.
Fusie! Hahaha

SDS League
Fannemiddei of jûn of moarn kinne jim hjir de einstân fan de SDS League ferwachtsje.

VI-voetbalkennistest
Wat wer in noflike krystdagen hân mei lekker iten, machtich sealfuotbaljen en op de bank lein mei in hearlike
fuotbalkrystkwis.

A.HAK-sealtoernoai foar E- en F-pupillen
Op sneon 5 jannewaris is net allinnich de snertrin en de nijjiersgearkomst fan SDS, mar ek it jierlijkse sealtoernoai foar E- en F-pupillen. Lês der
hjir alles oer en jou je op. Ynmiddels hawwe 34 E- en F-pupillen harren opjûn, dus der kinne noch wol wat by.

Harsens derby(920)
Eigen skuld, dikke bult………………………. op ‘e kop!