SDS League: "JorImke" pakt de titel!

Weppers 3e Krystdei
27 december 2012
Weppers sneon 29-12
29 december 2012

It koe fansels net misse dat “JorImke” fan Jorine van Dijk en Imke van der Leest earste wurde soe yn de SDS League, mar hjoed kin dan echt de flagge út.


“Balletje, balletje” fan Grietzen Broersma soe fansels twadde wurde, mar wurdt yn de lêste wike noch efkes ynhelle troch “De Strubbelingen”(Harrie en Bram Strubbe) en “Die Fohlen” fan Gearard Posthumus.

De top 10 sjocht der aardich divers út. De 10 komme út mar leafst 6 ferskillende wenplakken.

“Gijp” fan Ids de Boer pakt yn de lêste wike foar de twadde kear de wykpriis.

Fansels binne der ek noch allegear kompetysjes ûnderling binnen de SDS League. Sa kinne wy melde dat Eeltsje wûn hat fan Marije, Gerrit fan Jan, Sjoerd fan Jaap, Gert-Jan fan Floris en Jacob-Klaas fan Erik. Dit sil sommigen wol in kratsje bier koste hawwe.

Dat kratsje kin no werom nei Sjoerd.

“FC Grasmat” fan Erwin de Boer pakt definityf de reade lantearn mei it respectabele oantal punten fan 333.

De ein- en wykprizen wurde sa gau mooglik oermakke.

De folgende SDS League sil wer begjinne as de transfermerke wer slúten is. Dit sil dus begjin febrewaris wurde. Hâld de webside mar goed yn de gaten.

Sjoch hjir foar de einstân:
wike 14.