Weppers 27-4-2017

Weppers woansdei 26-4
26 april 2017
SDS-League: De wykpriis falt yn……….. Tanzania!
27 april 2017

Nije eftergrûn

Sûnt juster hawwe wy in nije eftergrûn op ús webside. Jaring Rispens fan 5-Online hat mei in drone in prachtige foto makke fan sportkompleks De Skoalleseize. Tige by tige! Hy is prachtich!
No de folgende kear noch efkes in dronefoto as der fuotballe wurdt;)

DCIM100MEDIADJI_0083.JPG

Gjin trainen

Y.f.m. Keningsdei sille der hjoed net folle trainingen trochgean. SDS 1 en 2 traine jûn yn elts gefal net en de kantine is ticht.

Seleksjes

De seleksjes foar sneon fan SDS 1, 2 en 4 kinne jim hjir moarn wer op de webside sjen.

 

Neikompetysje betelle fuotbal


De kompetysjes rinne nei de ein en dat betsjut dat it betelle fuotbal him opmakket foar in neikompetysje. Hoe’t er dan spile wurdt is yn dit skema te sjen. It is fansels wol op basis fan de stând op de ranglist fan dit momint.

Neikompetysje tredde/fjirde klasse


Foar dy klups wêr’t it foar fan belang is, hawwe wij ek sjoen hoe’t it sit mei harren neikompetysje. Ek dêr kinne je de klups noch net ynfulle want it is ûnderyn 3A en boppe-yn 4A noch hiel spannend. It giet yn alle gefallen om ien út-  en ien thúswedstriid.

Gokje!

No mar hoopje dat se der by de KNVB net efter komme dat der ek wol wat spilers by SDS rûnrinne dy ’t wolris in gokje weagje op in fuotbalwedstriid………… 😉 Sjoch hjir.

SDS-League

Om ’t it hjoed Keningsdei is komt de nijste stân fan de SDS-League wat earder as dat jim fan ús wend binne. Rekkenje mar op in oer as 15.50.

Kening Willem is foar Ajax……….

Wy betwifelje as Kening Willem nei ôfrûne snein wol sa bliid is hjoed op syn 50e jierdei……….

Feyenoord-supporter

Harsens derby (1879)

De keeper wie efkes te pisjen seker? 😉