SDS-League: De wykpriis falt yn……….. Tanzania!

Weppers 27-4-2017
27 april 2017
Weppers freed 28-4-2017
28 april 2017

foto van Bedrijfskunde en Agribusiness - Van Hall Larenstein.

Op ‘e nij falt de wykpriis bûten Fryslân. Dit kear sels hielendal yn Tanzania. Jurjen Eringa pakt mei ‘FC Tanzania’ 51 punten en dat is krekt ien puntsje mear as dat dy oare SDS’er om útens, Klaas-Bauke Faber, pakt mei ‘FC Boekelaar’. Foar ‘FC Tanzania’ betsjut dit noch mar in 28e plakje yn de stân, mar ‘FC Boekelaar’ stiet no 2e.

Jelmer Posthumus wie ferline wike net hielendal fit en dat is him ek min bekaam yn de SDS-League. Hy pakte mar 37 punten en sakke fan de koppysje nei it 3e plak.

‘De Supersubs’ fan Dirk de Jong docht foar de twadde wike op rige goeie saken. Ferline wike pakte hy de wykpriis en in dielde kopposysje en no stiet hy al hielendal allinnich boppe-oan en stiet 7 punten los.

Reade lantearndrager ‘Maccabi Marco’ Rijpkema is mei in eindspurt dwaande. Hy stiet al fanôf it begjin lêst, mar rint dizze wike mar leafst 11 punten yn op nûmer ien nei lêst ‘FC Moais Tom’. Noch in kear sa ’n wike en it wurdt noch spannend ek.

Der binne noch twa spylrondes te gean. Kommend wykein is de bekerfinale en is der nije wike dus gjin nije stân. De nijste stân komt dus pas op tongersdei 11 maaie.

Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2016-2017 twadde helte wike 10