Weppers woansdei 26-4

Weppers moandei 24-4
24 april 2017
Weppers 27-4-2017
27 april 2017

SDS 1 op nei 2017-2018!

Nei Jorrit Hofstra, Habtamu de Hoop, Watze-Jacob van der Wal, Ewout de Boer, Frank Bervoets en Gerwin Sijbesma kinne wy hjoed wer twa nije jonge oanwinsten foar SDS 1 bekend meitsje. Peter van de Hoogerwerf fuotballet no noch yn JO17-1 en makket in knappe ûntwikkeling troch. Trainer Marco Hoekstra wol him folgend seizoen graach by de A-seleksje hawwe en Peter hat witte litten dit folgend jier graach te dwaan. Dêrneist binne wy tige bliid dat Matthijs Postma witten litten hat werom te kommen op it nêst. Nei by FVC en ONS fuotballe te hawwen, sil hy folgend seizoen by SDS 1 oanslúte.

Afbeeldingsresultaat voor matthijs postma sds Matthijs Postma (no noch ONS JO19-1, doe SDS JO13-1)

Afbeeldingsresultaat voor peter van de hoogerwerf sds Peter van de Hoogerwerf (no noch SDS JO17-1)

Seal

Jûn om 20.00 oere thús it sealteam fan SDS yn aksjes tsjin scBolsward 2.

Standen

Yn dit oersicht kinne jim de standen fan alle teams fan SDS sjen. Der binne seker noch kampioenskânsen foar in oantal teams.

SDS 1 – Workum

SDS en Workum hawwe mei harren earste alvetal in skiednis dy’t VoetbalNoord moai yn byld bringt. Sjoch hjir dat SDS 4 kear wûn, Workum 4 kear wûn en dat der twa kear gelyk spile waard.

Alde doaze


De lêste twa wiken hiene wij in foto fan E1 em E2 fan 1997. Der wie ek in E3 en E4. Dêrom no de E3 yn byld

Harsens derby (1878)

Dizze is spesjaal foar Appie:
Juster wie it 44 jier lyn dat Gerrie Mühren dit die foar 110.000 taskôgers yn it Bernabeu stadion yn Madrid. Hoe ’t de wedstryd fierder wie kinne jim Appie sneon wol efkes freegje by SDS 1 – Workum 1.