Weppers woansdei 17-8

Wêz wiis mei keunstgers
16 augustus 2016
Weppers freed 19-8
19 augustus 2016

Woskfrou/-man socht
No ’t frou Kooistra de sjurts en trainingspakken fan SDS 1 en 3 net mear wosket binne wy op syk nei in nije woskfrou. It mei fansels ek in woskman wêze. Der stiet in fergoeding tsjinoer.
Broekjes: €3,-
Sjurts: €6,-
Trainingspakken per tas: €8,-
Wa ’t it wat liket mei maile nei info@vv-sds.nl of efkes belje mei Pieter Kamstra 06-17926118.

Trainen SDS 3 en 4
SDS 3 en 4 begjinne op tongersdei 25 augustus wer te trainen. Sy hawwe no alle romte en traine om 20.00 oere efter de sporthal.

Bekerje?
SDS 1 en 2 meie sneon bekerje en ek JO-19 en JO-15-1. Wy binne benijd as alle teams wat genôch spilers byinoar krije kinne yn dit fakansjewykein………

Nije webside
De webmasters binne noch altiten drok dwaande mei de nije webside. Hjir steane alle nije seleksjes en sa al op. Dêrom komme se net mear op de “âlde”, want dat soe dûbel wurk wêze. Wy hoopje rûn 1 septimber de loft yn te kinnen. Yn elts gefal foar wat it grutste part betreft.

Harsens derby (1736)
Ho!