Weppers freed 19-8

Weppers woansdei 17-8
17 augustus 2016
Ut-en ferslaggen 20-8
21 augustus 2016

SDS 1
SDS 1 spilet sneon de earste bekerwedstriid. Om 17.00 oere sneontemiddei stiet de wedstriid Oosterlittens 1 – SDS 1 op it programma.
Fuort: 15.45
Spylje: 17.00
Seleksje: Bauke, Jacob Klaas, Teun, Wiebe, Remco, Lourens, Jelmer, Marco, Pieter, Dirk Yde, Gertjan, Gerwin, Frank

SDS 2
SDS 2 spilet sneon in thúswedstriid yn it bekertoernooi. Leeuwarder Zwaluwen 2 is de tsjinstanner:
Der wêze: 13.30
Spylje: 14.30
Seleksje: Ewout, Hendrik, Feite, Martijn, Jentsje, Pieter, Jurjen, Bote, Jesse, Remon, Niels, Yward, Wiebe.

ST SDS/Scharnegoutum JO19-1
Dizze kombinaasjeploech soe ek bekerje tsjin Franeker JO19-1, mar dat giet net troch fanwege te min spilers.

SDS JO15-1
Sij binne net de earsten dy’t dit seizoen los gean. Om 12.30 soene sij bekerjetsjin Blauw Wit’54 JO15-3. It giet net troch

Bliid

De Ajax sjurtsjes oerhearskje yn de regel wat op de training bij SDS 1. Trainer Marco wie dan ek bliid mei de drager fan it sjurtsje fan de koprinner…

Derby
SDS 1 spilet sneon foar it earst yn jierren wer ris tsjin vv Oosterlittens. It is foar de beker en it is gjin snein, dus de wedstryd begjin om 17.00 oere yn Easterlittens. Krekt sa ’n wedstrydsje om efkes op de fyts hinne tochten wy sa.

G.n.t.
It is simmerfakansje en dat betsjut dat der ûndanks it keunstgers ek noch wolris in wedstryd net trochgiet. Sawol de bekerwedstryd fan SDS C1 (JO-15-1) as SDS JO-19-1(A1) giet net troch. De tsjinstanner of SDS sels hawwe te min minsken om te fuotbaljen.

Earste wedstryd op keunstgers
Om ’t SDS JO-15 net trochgiet is SDS 2 de earste ploech dy ’t thús op keunstgers in wedstryd fuotballet. Sy spylje sneon om 14.30 oere de bekerwedstryd tsjin Leeuwarder Zwaluwen 2.

Derby
SDS 1 spilet sneon foar it earst yn jierren wer ris tsjin vv Oosterlittens. It is foar de beker en it is gjin snein, dus de wedstryd begjin om 17.00 oere yn Easterlittens. Krekt sa ’n wedstrydsje om efkes op de fyts hinne tochten wy sa.

Efkes Balje
Sa’t it moandeis waskdei is, woansdeis gehakdei is it freed Efkes Baljen dei. Plak om te wêzen is It Keats, Partoer en Boppeslach fuotbalkompleks yn Wommels.

Yn de krante

Ofrûne woansdei stie yn het Bolswards Nieuwsblad dit stik oer de Skoalleseize.