Wepperkes(tiisdei)

Wepperkes (sneintemiddei)
26 september 2004
Wepperkes (woansdeitemiddei)
28 september 2004

Wepperkes
Trochdat de Treffer klear moast hie ik juster gjin tiid mear foar de wepperkes. Wy sille probearje dat hjoed wer goed te meitsjen mei û.o. in ferslach fan SDS 2, it ferslach fan SDS 1 seal juster en hooplik it ferslach fan SDS 1 fan ôfrûne sneon. Letter hjoed kinne jimme hjir ek de nije stân fan de SDS League fine.

Futsal:SDS 1 ferliest fan de Herauten
SDS 1 gie justerjûn mei 4-1 ûnderút tsjin de Herauten yn Burgum. SDS spile aardich mar hie it gelok net altiten mei. Klik
hjir foar it hiele ferslach.

SDS 2 sûnder kans yn Hasselt
SDS 2 ferlear sneon mei 4-0 fan Olympia yn Hasselt. Olympia wie dúdlik de bettere ploech en SDS koe hjir net folle tsjinoer sette. Jimme kinne
hjir it ferslach fan Stefan oer de wedstriid lêze. Sneon moat SDS 2 thús tsjin Noordscheschut. Dit wurdt fêst in drege dobber. Noordscheschut wûn ôfrûne sneon mei 7-0(!!) fan koprinner HZVV. SDS 2 is warskôge.

Karbo’s fuort
Ôfrûne sneon moast SDS 1 fuotballe yn Kootstertille. Nei de wedstriid gienen inkelde spilers noch efkes nei de kantine. Gert-Jan Hiemstra hie it gelok no wol (nei in reade kaart yn ‘e wedstriid)oan syn side. Mei de ferlotterij wûn hy in bultsje karbonade’s. Hy lei it yn ‘e tas mei de yndraafsjirts. Dizze yndraafsjirts mocht hy(of Hesther) de kommende wike útwaskje. Yn Easterein oankommen kaam hy der efter dat hy de tas glêd ferjitten wie. Hy belle de middeis lyk noch nei de kantine fan Kootstertille en frege as sy ek in tas fûn hienen mei sjirtsjes en karbonade’s. Dat wie it gefal en hy koe se de sneins wol ophelje om in oer as 11. Gert-Jan snein nei Kootstertille. Ja hear dêr stie de tas mei de sjirtsjes. De karbonade’s wienen spitich genôch al fuort.

NOK 4 – NOK 3
Wy melden freed al dat der yn ‘e kompetysje fan SDS 5 twa teams fan NOK sitte. NOK 4 stie dêr boppe-oan en NOK 3 efkes leger. Dizze teams moasten ôfrûne sneon tsjin elkoar en wa wûn? Jawol, NOK 4!

Supporters Mail
Wy hawwe in namme foar ús rubryk mei ynkommen stikken. De familie Kruijer út Hoogezand kaam mei de namme “Supporters Mail”. Dit kin it foar ús wol dwaan. Hawwe jimme wat foar dizze rubryk mail it dan nei
info@vv-sds.nl.

Futsalprogramma
SDS 3 seal is dizze wike frij. SDS 2 spilet woansdeitejûn thús tsjin ZVVS 2 om 20.50 oere. Jimme kinne yn it menu by SDS 1 en 2 ek nije teamfoto’s fine. Dizze wike sil dêr ek it hiele programma fan SDS 1 fine. As ien it hiele programma fan SDS 2 en 3 hat of in foto fan SDS 3 dan wolle wy dat graach hawwe. mail it nei
info@vv-sds.nl of jou it oan my yn ‘e kantine.

Derby!!
Sneon spilet SDS 1 de topper thús tsjin Broekster Boys. Foar inkelden stiet der de wike derop noch in folle wichtigere wedstriid op it programma; Nijland 1 – SDS 1. Yn Nijlân wurde de messen al slipe en is eltsenien allinne noch mar mei dy wedstriid oan ‘e gong. Mochten Nijlân en SDS no beide sneon winne dan is it sels in wedstriid tusken de nûmers 1 en 2 fan ‘e ranglist. Dit telt fansels hielendal net, want yn sa’n derby giet it allinne mar om de ear. Wy krigen alfêst in mailtsje út Nijlân. Moarn kinne jimme it hjir lêze. Om eltsenien mar fêst skerp te krijen.

André bedankt!
Sneon lêzen wy in opmerklike rouwadvertinsje yn ‘e Telegraaf. Wy hawwe noait witten dat Jeroen Brouwer sa gek wie fan de musyk fan André Hazes. Of soe it wêze om ’t de Jimbar no in grutte klant kwyt is??

Bron: De Telegraaf

Bron:www.foksuk.nl
Soe dizze tekening yn ‘e Jimbar makke wêze?