Wepperkes (sneintemiddei)

Utslaggen 25-9-2004
25 september 2004
Wepperkes(tiisdei)
28 september 2004

Moed
Der is moed foar nedich om nei in perioade fan soarch en lijen it fuotbal wer op te pakken. Syb Overal fuotballe sneon mei SDS 3. Wy winskje Syb en syn freondinne in protte sterkte ta.

Kees!!!!!??
Je hawwe dat wolris dat je yn it hjitst fan de striid wat roppe wat net hielendal oerienkomt mei wat je no eins hielendal bedoele(of júst wol). Sa hie ek Floris Hiemstra dat sneon. Yn de wedstriid mei SDS 1 tsjin Kootstertille makke hy him nochal lilk oer de flagger fan de tsjinstanner. Yn syn eagen die dy man it net hielendal earlik. Floris makke him lilk en socht byfal fan ‘e trainer(Lykle) op ‘e bank. “Hé Kees, doch der ris wat oan”! It moat altiten noch wenne sa ’n nije trainer.

Snel
By SDS 5 waard sneon it aldersnelste doelpunt makke. Nei 20 sekonden lei de bal al efter de keeper fan ‘e tsjinstanner en der koe wer opstelt wurde foar in nije ôftraap. Opfallend wie ek noch dat dit doelpunt makke waard troch Willem Feenstra út Winsum. Dit wie namelijk syn earste wedstriid yn ‘e kleuren fan SDS. It wie jammer dat dizze wedstriid yn Snits fuotballe waard by WPB. It doelpunt waard dan ek ôfkeurd om bûtenspul.

 

Doelpunten

Sneon 25 septimber foelen der 12 doelpunten.

SDS 3 makke 3, SDS 4 makke 4 en jim begripe it al SDS 5 makke der 5.

Meast opfallende feit wie de hattrik fan Eddy de Boer by SDS 4.

Yn de totaal skoare nimt hy no it twadde plak yn efter Hendrik de Jong. Beide makke se 4 doelpunten.

Nij yn de list binne de jongste senior Johannes Dotinga en Willem Feenstra in nij lid út Winsum. Sjoch foar it totale oersicht ûnder it kopke senioaren.

 

B2
De meast ûngelokkige ploech yn de kompetysje is dit jier B2. Earst gjin lieder en no hast gjin tsjinstanners. Al 3 ploegen binne út harren kompetysje stapt en dat bart hieltyd krekt in wike foardat se tsjin SDS B2 moatte.

 

Noch net ferslein
By de senioaren binne der noch twa alvetallen dy’t net ferlern hawwe yn dizze kompetysje. SDS 3 wûn 3 kear en SDS 4 wûn 4 kear.

 

A- Junioaren

It moast er in kear fan komme en úteinlik waard it 25 septimber. De a- junioaren snakten nei in oerwinning en dat slagge tsjin JV Bolsward. Mei doelpunten  fan Bote Strikwerda, Arjen Posthumus en B-junior Feiko Broersma waard it 3-0

Wy ferwachtsje hjoed noch in ferslach.

 

Blessures

Wat er sneon oan de hân wie, is net hielendal dúdlik, mar opmerklik wiene de selde soart blessures wêr’t Lieuwe Meijer, Wouter Hielkema en Jacob Plantinga mei útfoelen. Efter yn it boppebil.

 

Foto’s

Der binne sneon wer hiel wat alvetalfoto’s makke fan meast jeugdalvetallen. De kommende wike sille se hopenlik allegear pleatst wurde.

 

Hattrick

By in hattrik wurde der trije doelpunten efterelkoar yn ien helte makke troch de selde spiler, net ûnderbrutsen troch in doelpunt fan de tsjinstanner.

Fraach is hoe faak je dat mei meitsje. De spilers fan SDS 4 wiene wer sa gelokkich dat se dat meimeitsje koene. Dat se der ek meielkoar oan meiwurke hawwe is wol dúdlik. Want hie Jaap Boekholt dy geweldige redding net dien, dan hie it gjin hattrick mear west. Want hie Folkert Rients of Ids wat gelokkiger west mei harren doelpoging dan hie de hattirck net yn de boeken kaam. Wat te sizzen at de ferdigening mei Bertus, Jelle, Ype en Tjeerd wat minder skerp west hie, ek dan wie der gjin hattrick fallen.

Mar al dy saken barden net, sadat Eddy de Boer yn de twadde helte  yn amper 20 minuten tiid de stân van 1-1 nei 4-1 brocht. Mei syn bekinde “torinstinkt”, en syn bekinde “”kontderynsette” wie hy de Berltsumers te slim ôf.

Yn de earste helte hie hy ek al nei in prima aksje Bertus Bootsma de kâns jûn te skoaren. It waard úteinlik noch 4-2.

 

Foto SDS4
Nei no bliken docht is it by it meitsjen fan de foto al te sjen dat Eddy de Boer oh sa skerp is. Hy koe net wachtsje op it teken fan de fotograaf dat it klear wie.

 

 

Nijs

Mochten jim noch mear opmerklik nijs hawwe oer it fuotbal fan juster, dan heare wy dat graach. Mail it nei info@vv-sds.nl