Wepperkes (woansdeitemiddei)

Wepperkes(tiisdei)
28 september 2004
SDS League: 50 Gerardcent grutte winner
29 september 2004

SDS1 ferliest

SDS ferlear sneon mei 1-0 fan Kootstertille. Sy waarden inkelde giele printen riker, mar misten de 3 punten. Aant hat der in ferslach fan makke. Klik hjir foar it hiele ferslach.

Wol of net in giele kaart.

Nei ôfrin fan de wedstriid Kootstertille1- SDS1 miende elkenien dat ek Harm Stremler in giele print krigen hie. Alteast dat wie te sjen west yn de wedstriid omdat de skiedsrjochter in giele print omheech holden hie.

Hy skreau yn syn boekje nr 16. Nei ôfrin koe hy op it wedstriidformulier gjin nr 16 fine en nimmen wist fansels mear wa’t it west hie.

Sa kaam Harm sûnder kaart út Koatstertille.

Mar hoe koe dat no?  Hie dy skiedsrjochter it dan hielendal ferkeard sjoen?

 

Ferslach SDS 5

Lieder, keeper, taksisjoffeur, heit, strjitmakker en skriuwer fan SDS 5 wol altiten alles graach sels dwaan. Mar soms kin hy wol delegeare. Nei de wedstriid SDS – de Wâlde kaam it safier dat hy it skriuwen fan in ferslach oerlitte woe oan ien fan syn ploechgenoaten.

Hy seinde ús yn, want soks is fansels nijs en wy wiene fol ferwachting.

Spitich Corky, dat wy noch altiten sitte te wachtsjen op dat ferslach. Sa kin Evert fansels nea in taak ôfskowe.


Ferslach SDS C1
SDS C1 ferlear sneon, spitich genôch, mei 6-0 fan Workum. De lieders en trainer hawwe der oars noch alle fertrouen yn mei dit ploegje. Lêz it ferslach fan lieder Klaas Pompstra hjir.

Bekerje?
Juster melden wy yn it ferslach fan SDS 1 seal dat sy folgende wike thús tsjin Workum fuotbalje moate. Dit is alwer feroare troch de KNVB. SDS 1 spilet no folgende wike woansdei tsjin Elim(?) foar de beker. De wedstriid wurdt wol gewoan yn Easterein spile. Mar goed ek, want wit ien wêr as je dan ûngefear wêze moate as je nei Elim moate? Mail it nei info@vv-sds.nl.
 

Tip

Foar it kommend wykein noch efkes in tip

Tip 2
Wol je je kolega of eega nochris te pakken nimme? Hjir in
tip.

 

Antitip
Sneon moat er wer fuotballe wurde. Wy kinne dan fansels gjin tips jaan foar it bywenjen fan in leuk festyn op freedtejûn. Dêrom dizze antitip foar
1 oktober.

 

Gjin kwis mar miss
Under it genoat fan in bierke komme der soms wylde ideen op. De feteranen betinke op sokke mominten plannen om der wer ris in wykein tuskenút te knipen. By SDS 5 tinke se tidens dy hearlike kantinemominten oan hiel oare saken. Al in skoft lyn kaam der wat nei bûten en de redaksje fan dizze side waard ynljochte oer de kommende plannen. Sy woene gjin kwis mar in miss.(ferkiezing).
Omdat wy iepen steane foar alle inisjativen, rôpen wy jûchhei, en seinen ta om mei te wurkjen om dit wat te promoaten. Doe’t it wat lang duorre waard ien fan de hearen Bas de Haan benadere mei de fraach.”Hoe liket it mei de plannen, hawwe jim al in draaib(r)oekje?”

“Wy hawwe alles hast klear, mar hawwe noch ien grut probleem:, sei Bas.

“En dat is” .

“Ik ken it net yn in Frysk op papier sette,”

Wy hawwe gelyk oanjûn dat wy by sokke eveneminten it Hollânsk ek in hiele aardige taal fine en boppedat je moatte it mei it Frysk ek net oerdriuwe. Wij wachten dus rustig af. Yn Bokvoordt hawwe se op 5 oktober ek in missferkiezing, mooglik dat men hjir wat oan hat

 

Nijs?

Mocht it sa wêze dat jim kapot sitte nei de dea fan Andre, ferslein binne troch it ferlies fan Ajax justerjûn(útspraak Nigel de Jong nei de wedstriid tsjin Das Phantom; “er is nog veel werk aan de winkel te verzetten”.), witte jim net om te gean mei de nederlaach fan SDS tsjin Kootstertille of  kinne jim hast net sliepe omdat er freed  in Treffer útkomt, mail ús jim gefoel. info@vv-sds.nl